Tema NBE-komposysjekriich 2020: Roll over Beethoven

septimber 13, 2019 08:23

Alle jierren wer bewiist de komposysjekriich ‘Op wei nei it Nijjierskonsert’ fan it Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) syn krêft. It NBE kriget alle jierren masterwurken fan mear as hûndert (tige) jonge komponisten tastjoerd. De kriich blykt in springplanke te wêzen foar mannich serieus komponeartalint yn Nederlân.

Byld fan in eardere edysje (foto: Peter Lodder/NBE)

Der binne hast gjin regels, alles mei en alles kin, salang’t it mar sels betocht is. Dit jier is it tema: Roll over Beethoven. 250 jier lyn waard dy eigensinnige komponist berne, dy’t him net folle oanluts fan de besteande muzykregels, mei elkenien oerdwers lei, syn eigen wei gie en it iene nei it oare masterwurk komponearre. Mei-inoar, foarinoar, omearmje inoar – dêr skreau er yn syn 9e symfony al oer en dêr giet it no noch hieltyd om. It NBE daget jonge komponisten út om krekt sa eigenwiis te wêzen as Beethoven.

‘Op wei nei it Nijjierskonsert’ fan it NBE en BNNVARA is foar elkenien oant en mei achttjin jier: rappers, fioelisten, blazers, drummers, toetsenisten, sjonger-ferskesskriuwers, elkenien kin meidwaan en makket kâns om mei it NBE op 1 jannewaris 2020 op it poadium fan it Konsertgebou yn Amsterdam te stean. It konsert wurdt troch BNNVARA op telefyzje útstjoerd.

Lûdsopnamen of fideo’s fan komposysjes kinne foar 15 oktober maild wurde nei componeren@nbe.nl. Mear ynformaasje oer de komposysjekriich is te finen op nbe.nl/componeren.

septimber 13, 2019 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.