Teatrale presintaasje oer relaasje tusken boer en boarger

septimber 8, 2019 09:07

Boeren en boargers, noch nea like de ôfstân tusken harren sa grut. Wat fine se faninoar? En hoe fine se inoar? Dat stiet sintraal yn it teaterprojekt Molke 2.0 dat spilet yn 2019 en 2020. Teatermakker Janneke de Haan en dûnsmakker Willy van Assen wurkje mei Keunstwurk gear oan in mienskipskeunstprojekt oer de kleau tusken boer en boarger en besykje boppe tafel te krijen wêr’t dat no eins troch komt. Op 14 en 15 septimber is der in teatrale presintaasje oer it tema.

Foto: Keunstwurk

Flak foar de simmer giene boeren en boargers mei hiel ferskillende eftergrûnen mei-inoar op blinddate. Dat wie ûnderdiel fan it teaterprojekt Molke 2.0 dat oer de relaasje tusken boer en boarger giet. By dy ôfspraakjes binne alle petearen opnaam om dêrnei as materiaal te brûken foar it hegedrukpannewykein takom wike op minykemping ‘De Klompen’ yn Nijhuzum. Sa’n fyftjin amateurspilers sille dan mei in profesjoneel tiim fan teatermakkers oan ’e slach om yn ien wykein in teatrale presintaasje te meitsjen. Op sneontejûn en sneintemiddei is de presintaasje foar publyk te besjen.

Ferfolch yn 2020: de reis fan de molke
De teatrale presintaasje is ek foer foar it grutskalige lokaasjeteater De reis van de melk dat yn 2020 opfierd wurdt. Dêr belibbet de taskôger letterlik de reis fan de molke: út de ko wei sa de wein yn, nei it fabryk en úteinlik nei de winkel. Wat bart der allegear foar’t in glês molke op tafel stiet? Mei de minske, de ko, en mei ús klimaat?

Kaarten binne te krijen fia de webside fan Keunstwurk. Mear ynfo fia de Facebookside.

septimber 8, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.