Tal skieden ynwenners yn Fryslân flink omheech

septimber 16, 2019 12:56

It oandiel skieden ynwenners yn Fryslân is yn tsien jier tiid mei goed 36% omheech gien. Yn 2019 is sa’n 9% fan de Friezen skieden, sa docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. De ferskillen mei oare provinsjes binne grut. Independer brocht alle sifers en de ferskillen mei tsien jier ferlyn yn kaart. Ien fan de opfallendste konklúzjes: Flylân is de iennige Fryske gemeente dêr’t it oandiel skieden ynwenners sakke.

Grutte provinsjale ferskillen

Tusken provinsjes binne grutte ferskillen yn it persintaazje skieden ynwenners. Hat Fryslân in persintaazje fan 9%, Flevolân telt mei 10,2% it heechste tal skieden ynwenners fan alle provinsjes. Oerisel hat mei 7,9% it leechste persintaazje. It falt op dat it oandiel skieden ynwenners it sterkst tanimt yn de noardlike provinsjes. Yn Fryslân mei 36,4% en yn Drinte sels mei 38,8%. In aardich ferskil mei Noard-Hollân, dêr’t de groei fan skieden ynwenners 7,6% is. Yn mar trije gemeenten (Amsterdam, Diemen en Flylân) sakket it oandiel skieden ynwenners.

Sjoch foar in folslein oersjoch, ek foar alle gemeenten yn Fryslân, op de trendkaarten fan Independer.

septimber 16, 2019 12:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.