Takom wykein yn teken fan Iepen Monumintedei

septimber 12, 2019 09:03

Sneon 14 septimber is wer Iepen Monumintedei. Yn hiel Nederlân binne hûnderten monuminten fergees te besytsjen. Altyd al ris sjen wollen yn bygelyks it Bestjoershûs yn Snits, de tsjerke fan Skraard, skipstimmerwerf De Hoop yn Warkum of museum It Tsiispakhûs yn Wommels? Dat kin takom wykein. Yn Súdwest-Fryslân iepenje goed fyftich monuminten de doarren foar publyk.

Foto: © Hoge Noorden / Jacob van Essen

De measte monuminten binne fan 10 oant 17 oere iepen. Guon hawwe oare iepeningstiden en in stikmannich is ek snein 15 septimber iepen. Op de webside fan de Iepen Monumintedei en op de gemeentlike webside www.sudwestfryslan.nl is mear ynformaasje te finen oer de monuminten dy’t meidogge.

Lanlik tema: ‘Plakken fan plezier’
Mei it lanlike tema fan dit jier ‘Plakken fan plezier’ is ekstra omtinken foar monuminten dêr’t minsken foar de wille hinne giene, of noch hieltyd gean. Kom bygelyks lâns by fuotbalklup LSC yn Snits mei syn unike histoaryske tribune, kantine en bestjoersromte. De tribune, ûntwurpen troch gemeente-arsjitekt J. de Kok, is yn 1927 boud yn de styl fan it ekspresjonisme.

De stiennen tagongspoarte mei kassa’s oan de Ljouwerterdyk falle ek ûnder de monumintale status. De fuotbalklup docht dit jier foar it earst mei oan Iepen Monumintedei en jout sneon rûnliedings.

Jubileum 300 jier houtseachmûne De Jager yn Wâldsein
Yn Wâldsein is it Iepen Monumintewykein. Op sneon stiet de feestlike jubileumfiering fan 300 jier houtseachmûne De Jager sintraal. Fan 10.30 oant 17.30 oere is der in feestlik programma mei iepen hûs fan de mûne en it neistlizzende mûnehûs, dêr’t no in sylskoalle yn fêstige is. Der binne lêzings en presintaasjes oer de mûne eartiids en no. Der binne demonstraasjes mei touslaggerij, mastemeitsjen en trekseagjen, en men kin mei syllessen fan de sylskoalle yn ’e kunde komme.

Op snein is yn Wâldsein it jierlikse evenemint ‘Monuminten, Muzyk en Mear’, mei it muzykfestival ‘Muzyk oan it wetter’.

Mear ynformaasje oer de Iepen Monumintedei is te finen op www.openmonumentendag.nl.

septimber 12, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.