Startskot Fryske kampanje ‘modder op ’e dyk’

septimber 18, 2019 07:41

It is wer risptiid. Dat bestjut dat der geregeld grut lânboureau op ’e dyk te finen is. Dêrtroch kin der modder op ’e dyk lizze. Foaral yn kombinaasje mei rein feroarsaket dat glêdens, wat ta gefaarlike situaasjes liede kin.

Foto: pixabay.com

Om ûngelokken foar te kommen, fiert it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân (ROF) dit jier wer de kampanje ‘modder op ’e dyk’. Brûkers fan de diken wurde yn de kampanjeperioade warskôge foar de gefaren fan modder op ’e dyk en agrariërs wurdt ferteld wat sy dwaan moatte as der modder op ’e dyk telâne kaam is. It startskot fan de kampanje klinkt op woansdei 18 septimber by leanbedriuw J.K. Dijkstra & Sn. yn Moarre.

Avine Fokkens-Kelder, deputearre Ferkear en Ferfier fan de provinsje Fryslân en foarsitter fan it ROF, hinget dy deis tegearre mei Jelle Boerema, wethâlder wurk, bedriuwigens en rekreaasje fan gemeente Noardeast-Fryslân, it earste spandoek fan de kampanje op.

septimber 18, 2019 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.