‘Sosjaal’, ‘tiimspiler’ en ‘selsstannich’ grutste klisjees op Nederlânske cv

septimber 1, 2019 10:28

Nederlanners dy’t wurk sykje meitsje faak gebrûk fan klisjees op harren cv. It grutste klisjee is de útspraak “Ik bin sosjaal”, mar ek “Ik bin in tiimspiler” en “Ik kin goed selsstannich wurkje” binne útspraken dy’t in protte op Nederlânske cv’s te finen binne. Dat docht bliken út ûndersyk fan tsjinstferliener CVster, dy’t tsientûzenen cv’s út 39 lannen wrâldwiid analysearre.

Ofbylding: pixabay.com

Nederlânske sollisitanten binne foaral ‘sosjale, selsstannige tiimspilers’
Nederlânske wurksikers omskriuwe harsels, yn tsjinstelling ta oare lannen, boppe trochsneed faak as ‘learderich’ en ‘behelpsum’. Dochs binne dat net de grutste klisjees dy’t op de Nederlânske cv’s te finen binne. Yn ’e hoop in goede yndruk op in potinsjele wurkjouwer efter te litten, beskriuwe Nederlanners harsels it faakst as ‘sosjaal’, folge troch in echte ‘tiimspiler’ en ien dy’t goed ‘selsstannich’ wurkje kin. Yn de top 10 grutste klisjees stiet fierder:

4. Learderich
5. (Ik hâld fan in) útdaging
6. Fleksibel
7. Ambisjeus
8. Entûsjast
9. Kreatyf
10. Posityf

Wrâldwiid it meast brûkte klisjee: tiimspiler
Yn 38 ferskate lannen binne de útspraken “Ik bin in tiimspiler” of “Ik kin goed yn in tiim wurkje” yn de top 3 fan grutste klisjees op it cv te finen. Dy kompetinsje is dêrmei it grutste cv-klisjee op ’e wrâld. Allinnich by wurksikers fan de Filipinen falt dy útspraak krekt bûten de top 3. Dêr einiget ‘tiimspiler’ op in fyfde plak.

Europeanen kinne har minder goed oanpasse
Tusken de ferskate kontininten binne nijsgjirrige ferskillen. Sa fermelde Europeanen minder faak “Ik kin my goed oanpasse”. Minsken yn Europa beskriuwe harsels just faker as ‘posityf’ en ‘sosjaal’ as wrâldwiid yn trochsneed.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

septimber 1, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.