Sophie Hilbrand en Filemon Wesselink werom as duo

septimber 18, 2019 07:55

Foto: Wessel de Groot/BNNVARA

Alve jier nei syn lêste Spuiten & Slikken tegearre, is it duo Sophie Hilbrand en Filemon Wesselink opnij tegearre de studio yn. Yn harren nagelnije programma De Psycho Show nimme se op orizjinele en humoristyske wize net seks & drugs, mar it minsklik brein ûnder de loep. Eltse ôflevering sit fol bizarre ynsjoggen, nijsgjirrige fraachpetearen en eksperiminten.

Mei hokker snoade trúks kriget men bygelyks wól mear jild by de baas? Willem Holleeder wurdt yn ’e media steefêst ôfskildere as psychopaat, mar wat is in psychopaat eins krekt? Wat docht ien dy’t lijt oan morbide nijsgjirrigens en wat sjogge minsken mei it Alice yn Wûnderlân-syndroom as se yn ’e spegel sjogge? Antwurd op dy fragen en mear, binne te hearren en te sjen yn De Psycho Show, alle woansdeis om 20.25 oere by BNNVARA op NPO 3.

Sjoch de earste twa ôfleveringen fan De Psycho Show werom.

septimber 18, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.