Skea troch guozzen fan ’t winter mei 7% ôfnommen

septimber 23, 2019 08:28

Guozzen hawwe de ôfrûne winter sân prosint minder skea oan gerslân oanrjochte, yn ferliking mei mei de twa winters dêrfoar. De skea yn euro’s komt út op likernôch njoggen miljoen. Dat docht bliken út foarriedige sifers fan BIJ12-Faunazaken. Dêr wurdt mei foldien oan it provinsjale doel om skea troch guozzen alle jierren mei fiif oant tsien prosint te ferminderjen. De provinsje hoecht de bonus-malusregeling dêrom net ta te passen.

Kolguozzen (foto: Provinsje Fryslân)

Deputearre Johannes Kramer: “De skea fan de guozzen giet foar it twadde jier efterinoar nei ûnderen neffens 2017. Dat betsjut dat ús oanpak wurket. Dat betsjut ek dat de útfiering yn it fjild goed oanpakt wurdt. In komplimint oan de boeren, jagers en natuerorganisaasjes dy’t hjiroan meihelpe. Sa ûntstiet dúdlikens en rêst yn it drege guozzedossier.”

Guozzen bringe skea ta oan gerslân, sadat boeren gers bykeapje moatte foar harren kij. Boeren krije dêrom in fergoeding foar de gersskea troch guozzen. Yn guozzefoeraazjeargebieten wurde hja mei 100% yn ‘e mjitte kommen, dêrbûten is dat mei 80%. De skeafergoeding foar boeren bûten foeraazjeargebieten bliuwt gelyk as alle jierren de skea mei 5-10% ôfnimt.

Bonus-Malus
Bart dat net, dan kin de skeafergoeding it jier dêrop leger wurde. Dat hjit bonus-malusregeling. Omdat de skea oan gerslân ôfrûne winter 7% minder wie, hoecht de bonus-malusregeling no net tapast te wurden.

De krekte reden fan de skeafermindering is noch net bekend. Dêrfoar binne ek gegevens nedich oer guozzetallen en de krekte maatregels dy’t boeren en jeiers troffen hawwe. It ferwurkjen fan dy ynformaasje kostet in soad tiid en is noch net klear. Wol kin de konklúzje lutsen wurde dat de skea mei likernôch 7% weromrûn is.

septimber 23, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.