Skatsykje by Uit in Huis yn it Princessehof

septimber 5, 2019 08:56

Snein 8 septimber is yn ’e binnenstêd fan Ljouwert de alderearste edysje fan Uit in Huis. Uit in Huis is de ôftraap fan it kulturele seizoen. Op dy snein is ek fergees de ferburgen wrâld te ûntdekken fan ynternasjonale hannel, striid op see, minskesmokkel en skatgravers yn de nagelnije útstalling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute yn it Princessehof. Dy deis is der ek fan alles te dwaan foar jong en âld. Der binne fergeze rûnliedings, klassike muzyk, workshops en de jongste gasten kinne har fermeitsje mei de spannende speurtocht en profesjonele bûltsjeblazers.

Foto: Maarten van der Wal/Princessehof

Om de nije útstalling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute hinne wurde allerhande aktiviteiten organisearre by Uit in Huis. Bern kinne by de baly de fergeze speurtocht ophelje, se geane mei in echte lânkaart op ekspedysje. Mei Sinbad de Seeman ûntdekke se by alle sonken skippen in geheim. Nei ôfrin krije de dielnimmers in echte seemanstatoeaazje. Bern en folwoeksenen genietsje fan de spannende útstalling en kinne dêrnei harren kreativiteit kwyt by Tekenen in de Tuin. Ek binne der profesjonele bûltsjeblazers foar de jongste gasten.

Stedskuier en rûnlieding
Bringe jo dy deis ek in besite oan it Fries Museum en wolle jo optimaal gebrûk meitsje fan jo tiid? Om 13.30 en 15.30 oere start der in miny-stedskuier by it Fries Museum nei it Princessehof. In profesjonele stedsgids fan A Guide to Leeuwarden fertelt by de rûte troch de histoaryske binnenstêd ferskate ferhalen oer monuminten oant moderne streetart. By oankomst by it Princessehof jout de gids in yntroduksje op de bysûndere skiednis fan it Princessehof. Dy miny-toer duorret maksimaal in healoere. Dêrnei kinne jo om 14.00 en 16.00 oere meirinne mei in rûnlieding troch Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute. De rûnliedings binne fergees, oanmelde is oanrikkemandearre. Dat kin fia de webside fan it museum: www.princessehof.nl.

Minskesmokkel en skatgravers
Fan 7 septimber oant en mei 28 juny 2020 presintearret it Princessehof de útstalling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute. De útstalling lit keramyk en oare foarwerpen sjen dy’t fûn binne oan board fan acht skipswrakken út de njoggende oan en mei de njoggentjinde iuw. De keramyske skatten fertelle fasinearjende ferhalen oer de maritime sideroute yn Azië. Dêrmei giet in ferburgen wrâld iepen fan ynternasjonale hannel, striid op see, minskesmokkel en skatgravers.

De útstalling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute wurdt mei mooglik makke troch LF2028, Mondriaan Fonds (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Korea Foundation, Van Achterbergh-Domhof, Prins Bernhard Cultuurfonds en Buchter-De Vries Fonds, Sint Anthony Gasthuis, Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed, Club Céramique, Vereniging van Vrienden Keramiekmuseum Princessehof en M.A.O.C. Gravin van Bylandt Stichting.

septimber 5, 2019 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.