Simone Djurrema: Ofstannen

septimber 28, 2019 20:00

Kollum

Der binne in ferhipt protte Sweden dy’t it leafst yn de beboude kom wenje. In hûs kin der wol oardel ton kostje wylst itselde hûs tsien minuten bûten in stedsje wat mear as de helte kostet. Want in ein ride? Ferskriklik! Dat kin net! Wylst de measten alles, mar dan ek álles mei de auto dogge. En dan makket it net folle út oft men no fiif minuten bûten de beboude kom wei komme moat of net. Oan de oare kant soarge it der wol foar dat se my hast nea ûnferwachts bellen om te wurkjen doe’t ik noch by de thússoarch wurke. Want ik moast sa fier wei komme, seine se. Wylst ik der misskien fiif minuten langer oer dien hie as ien dy’t yn Mellerud wennet. Ik haw se nea út de dream holpen…

Mar as se op besite geane nei famylje, is fjouwer oeren neat en dér wurdt dan wer net oer stind. Of in begraffenis, seis oeren hinne en seis werom, en leafst op ien dei. No, as ik deroer neitink, dy’t my dat fertelde freget altyd graach wat oandacht. Se hat miskien wol wat opskept.

Wy Friezen binne neat wend. As wy, doe’t ik noch lyts wie, nei famylje yn Veenendaal soene, wie dat in hiele ûndernimming. Doe’t ik folwoeksen wie fielde dat eins noch wol sa as ik bygelyks nei de Rânestêd moast. Wannear’t we in dei nei Dútslân rieden om te winkeljen, wie dat in hiel aventoer! Hielendal nei it bûtenlân! En dan hawwe we it oer ien, twa, of misskien trije oerkes riden. No is dat wol oars. Wy hawwe al ris op besite west nei freonen yn Enköping, mar dat dogge we dan net yn ien dei, hear, sa Frysk binne we noch wol. En lêsten wiene we op besite by freonen yn Noarwegen. Dat wie in dikke sân oere riden, omdat we de boat fan Strömstad nei Sandefjord namen. Oars hie it in dikke seis oere duorre, mar dan hiene we net sa’n ein ôfsnien. Doe fûnen we it better om twa nachten te bliuwen, sadat we yn elts gefal ien hiele dei sûnder reizgjen hiene. It foldie ús bêst!

As sy by ús komme op wei fan Fryslân nei Noarwegen moatte se omride, mar dat skeelt ommers mar in pear oerkes! Se binne al in pear kear delkommen. Wy neamme it no “buerte”, krekt as binne we buorlju, en dan hawwe we de grutste wille fansels.

Ik haw in freondinne troffen yn Säffle. Ik fyn it nochal wat om mei har ôf te praten. It is in oere riden! Mar sa apart is dat eins net, hear, dat ik moat der mar oan wenne. Sy sil ynkoarten nei Noarwegen te wurkjen, dat dogge wol mear. Mar as it langer as oardel oere riden is, hawwe se faak wol in plakje om te oernachtsjen. Yn Noarwegen kinst folle mear jild fertsjinje, blykber safolle dat it út kin, sels nei it ôflûken fan de kosten. Miskien moat ik der ek mar ris oer neitinke. Dan soe myn libben hielendal in aventoer wurde!

Jimme lêze it al, ús hoarizon is aardich útwreide, wy belibje fan alles! Dat is miskien noch wol it moaiste, tinkt my. Wy hawwe net allinnich in paradyske dêr’t we wenje, mar wy hawwe yn dizze fjouwerenheal jier mear sjoen as yn de tweintich jier dêrfoar! En wat noch moaier is, ús famylje en freonen kinne deryn meidiele!

foto’s Simone Djurrema
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden. De foto’s binne fan harsels.
septimber 28, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.