Sealterfriezen kinne wol wat stipe brûke

septimber 30, 2019 20:10

Lokoboargemaster fan Sealterlân Marianne Fugel hold in koarte taspraak yn it Sealterfrysk by de Slach-by-Warnsbetinking

It Sealterfrysk is ien fan de meast bedrige talen fan de wrâld. Der binne noch sa’n tûzen minsken dy’t it prate. Se wolle ferbining sykje mei de Westerlauwerske Friezen om stipe te sykjen foar harren taalstriid.

In groep fan sa’n tritich Dútske East-Friezen wie dit wykein yn Fryslân om de betinking fan de Slach by Warns by te wenjen. Se fiele harren ek Frysk, mar harren Sealterfrysk leit oan it lêste oer. De regio Sealterlân hat iuwenlang isolearre west, en wie yn de simmer allinnich mar mei in boat te berikken. It wie in lyts gebiet op sângrûn middenyn in moerasgebiet. Yn de winter wiene minsken ôfhinklik fan sterk iis, om by it Sealterlân te kommen. Dat hat der wol foar soarge dat de Fryske taal it der sa lang úthâlden hat.

Hjoed de dei liket it net mear sa fleurich mei de taal. Der binne amper jonge minsken mear te finen dy’t Sealterfrysk prate en de sprekkers krije amper stipe. Yn 2014 hat de Ried fan Europa de Dútske oerheid noch op de fingers tikke om’t dy te min docht om de Fryske taalminderheden yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein te beskermjen.

It Sealterfrysk hat mar tûzen sprekkers. Dat is sa’n bytsje dat it yn it Guinness Book of Records stiet as ‘lytste taal fan Europa’. By hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert koene minsken dy’t meihelpe woene om de taal te behâlden fan ‘t jier in kursus folgje. De kursus gie oer de taal, kultuer en skiednis fan Sealterlân. Der diene fyftjin minsken mei oan de kursus, benammen studinten Frysk en Dútsk út Ljouwert en Grins.

Boarne: Omrop Fryslân

septimber 30, 2019 20:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer oktober 2, 14:00

    De taal fan it Hillegelân (Helgoland)(Ek in fariant fan it Frysk) wurdt mar troch 500 minsken sprutsen. Mar dit is
    op it totaal fan 1500 fêste ynwenners dêr best noch wol wat. Dêrom miskien minder bedrige dan it Sealterfrysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.