Saline Futures Conference yn Ljouwert

septimber 6, 2019 09:58

Tiisdei 10 septimber iepenet deputearre Hoogland de ynformaasjemerk fan it ynternasjonale kongres Saline Futures Conference yn Ljouwert. Dêrnei sil er tegearre mei Jan van Weperen, deistich bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân, it earste printe eksimplaar fan de Grûnwetteratlas fan Fryslân presintearje.

Ofbylding: Waadakademy

Tiisdei 10 septimber o/m freed 13 septimber wurdt it ynternasjonale kongres Saline Futures Conference holden. Goed twahûndert saakkundigen fan oer de hiele wrâld komme dy dagen nei Ljouwert om ûnderfiningen út te wikseljen oer de fersâltingsproblematyk yn de lânbou. It is foar it earst dat saakkundigen byinoar komme om te praten oer oplossings foar de tanimmende fersâlting fan de lannen om de Waadsee en de Noardsee hinne.

Programma
Op tiisdei en woansdei binne der lêzings, seminars en praktykfoarbylden te sjen op de ynformaasjemerk. Op tongersdei en freed binne der ekskurzjes nei Teksel, Skylge en Emden (Dútslân).

Deputearre Hoogland fan de provinsje Fryslân iepenet de ynformaasjemerk. Dêrnei presintearret er it earste printe eksimplaar fan de Grûnwetteratlas fan Fryslân. De atlas is in gearfetting fan trije jier ûndersyk nei it Fryske grûnwettersysteem troch provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en Vitens.

It earste eksimplaar fan it boek wurdt út hannen fan deputearre Hoogland en deistich bestjoerslid Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân oanbean oan Tineke de Vries fan LTO Noard Lânbou en Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje en lid fan it Bestjoerlik Oerlis Feangreide.

septimber 6, 2019 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.