Publykssesje Waadhoeke op 1 oktober oer duorsumens yn de takomst

septimber 16, 2019 08:53

De gemeente Waadhoeke hat noch gjin duorsumheidsbelied, mar is dêr op tal fan gebieten al wol mei dwaande. De gemeente docht bygelyks mei oan in pilot ierdgasfrij wenjen, stimulearret sirkulariteit, hat meidien oan de duorsume Alvewegetocht en skiftet it ôffal. Mar de gemeente wol noch mear dwaan en wol dêr mei de ynwenners oer yn petear, op tiisdei 1 oktober yn Rie.

Foto: Wikimedia Commons/Ieneach fan ’e Esk – lisinsje CC BY-SA 4.0

Duorsumensaginda
Gemeente Waadhoeke wol in duorsumheidsaginda opstelle mei tema’s as duorsumens, bioferskaat en elektrysk riden. Mei it wurd ‘aginda’ lit de gemeente sjen hoe’t dat yn de kommende jierren oanpakt wurde sil.

Mei de ynwenners yn petear
Der wurdt úteinset mei in publykssesje op tiisdei 1 oktober yn Doarpshûs De Rede yn Rie. Wenje jo yn de gemeente Waadhoeke en hawwe jo ynteresse yn it ûnderwerp duorsumens? De gemeente giet graach mei jo yn petear oer jo ideeën oer en oplossings foar dit ûnderwerp. Dat wurdt dien yn in ynformele byienkomst, dy’t om 19.30 oere begjint (ynrin fan 19.00 oere ôf).

Jo kinne jo oant 23 septimber oanmelde by Froukje Brander. Har e-mailadres is f.brander@waadhoeke.nl.

septimber 16, 2019 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.