Publyk wolkom by ynstallaasje tinne dame Jan Ketelaar

septimber 15, 2019 09:01 Fernijd

Op moandag 16 septimber tusken 13.00 en 15.00 oere wurdt it twadde byld fan Jan Ketelaar, de tinne frou, op de seedyk by Holwert pleatst. It byld komt neist it byld fan de folle frou te stean, dat ein ferline jier al ynstallearre waard. Tegearre hawwe de bylden de namme Wachten op hoog water. Publyk is wolkom om by de ynstallaasje te wêzen en – passend by de gedachte achter it wurk – iten en drinken te dielen by in mienskiplike picknick.

Foto: Siem Akkerman | Provinsje Fryslân

Laskje, laskje en nochris laskje
Hast tsien jier lang wurke byldhouwer en dichter Jan Ketelaar yn syn wurkplak yn Drachten oan de metershege, fan metaal laske frouljusbylden. Beide bylden binne opbouwd út in frame fan oaninoar laske stankjes. De romtes tusken dy stankjes binne dêrnei tichtlaske, in tiidslinend karwei dêr’t nei alle gedachten allinne in echte, trochsettende ‘potzenmaker’ – in makker fan serieuze grappen, lykas de alsidige Ketelaar himsels omskriuwt – úteinsette doarre soe. Al dy tiid hat de keunstner in like ienfâldich as oandwaanlik byld foar eagen: ‘Eén iemand die helemaal alleen naar het beeld op de dijk loopt, beide vrouwen bij de hand neemt, over het water kijkt en huilt; van blijdschap en verdriet tegelijk.’

Syktocht nei balâns en útwikseling
De folle dame, dy’t ôfrûne desimber op de dyk pleatst waard, is al net mear fuort te tinken as beaken lâns de kust by Holwert. Oan de tinne dame lei Ketelaar op freed 30 augustus de lêste hân; dy dei waard se ferpleatst nei it Ljouwerter bedriuw Mannen van Staal, dêr’t it byld fierder taret wurdt foar pleatsing op ’e seedyk. De dames sjogge fan 16 septimber ôf – neistinoar, beide neaken, kwetsber mar ek grutsk – út oer de Waadsee. Ketelaar: ‘Ik hoop dat de beelden de mensen zullen samenbrengen, maar ook dat het werk aanzet tot nadenken over de contrasten in de wereld. De menselijke zoektocht naar balans en uitwisseling, daar draait het in de kern om.’

Foto: Sense of Place

Frisse moed foar Sense of Place
De lêste jierren waard Ketelaar bystien troch Sense of Place, it waadkeunstprojekt fan Oerol-oprjochter Joop Mulder. Foar him wie it projekt ek dúdlik in oefening yn geduld en trochsettingsfermogen, benammen fanwege de lange fergunningstrajekten dêr’t in soad lânskipsprojekten mei te krijen hienen. Dit jier liket dan einlings de gong deryn te kommen. ‘Eerder deze zomer werd het project Dobbepaarden afgerond met een groot, landschappelijk ingepast kunstwerk van Marcel van Luit in de Ozingadobbe bij Marrum,’ fertelt Mulder. ‘Nu de voltooiing van Wachten op hoog water ook nog eens in zicht is, geeft ons dat frisse moed voor de toekomst. Voor volgend jaar staan onder meer de realisatie van De Streken van Marc van Vliet en Camera Batavia van Arjen Boerstra op de planning.’

Publyk wolkom by ynstallaasje
Jan Ketelaar en Sense of Place nûgje eltsenien fan herte út om by de pleatsing fan de tinne dame op de seedyk by Holwert te wêzen. Publyk wurdt frege om iten en drinken mei te nimmen en dat mei-inoar te dielen by in ynformele mienskiplike picknick. In feestlike middei dy’t yn it teken stiet fan byinoar wêzen, útwikseling, dielen en trochsetten – hielendal yn ’e geast fan de metershege dames fan Jan en Joop, útsjend oer it Waad.

Tiid: Moandei 16 septimber tusken 13:00 en 15:00 oere
Lokaasje: Nije Seedyk, Holwerd, flakby de lêste bocht rjochting pier Amelân
(Adres foar navigaasje: Grandyk 9, Holwerd)
Parkearjen: Der is parkeargelegenheid yn beide bochten fan de dyk nei de pier. Foar dizze gelegenheid mei ek parkearre wurde op de ‘depot-romte’ fan Wetterskip Fryslân ûnder oan de dyk. Parkearjen op it gers is net tastien.

septimber 15, 2019 09:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.