Proazagedichtejûn op tongersdei 24 oktober

septimber 26, 2019 09:31

De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen hâldt fan ’t hjerst seis wike yn Grins ta om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn op 24 oktober 2019 om 20.00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries.

Carsten René Nielsen

Nielsen is gjin ûnbekende yn Ljouwert, mei’t er yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Talepaviljoen MeM optreden hat. De Deenske dichter debutearre yn 1989 en hat ûnderwilens tsien gedichtebondels op syn namme stean. Hy is oerset yn it Ingelsk, Italiaansk, Dútsk, Nederlânsk en Frysk.

Nyk de Vries hat twa proazagedichtebondels publisearre en is fierders bekend fan syn foarstellings en muzyk. Sa is er op it stuit dwaande syn proazagedichten op muzyk te setten en nij wurk te skriuwen.

Gelegenheidsformaasje Reade Runen, dy jûns besteande út Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Hein Jaap Hilarides, sil ek proazagedichten foardrage. De Reade Runen wiene earder dit jier te gast by Nielsen yn Denemarken en hawwe mei him optreden yn Aarhus en Kopenhagen.

Nei ôfrin is der noch in koart neipetear mei de performers. Op de jûn sil der yn it Deensk, it Frysk, it Nederlânsk en it Biltsk foardroegen wurde. Organisaasje en presintaasje binne yn hannen fan Geart Tigchelaar. Yntree is € 4,00.

septimber 26, 2019 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.