Posthumus (FNP) foarsitter Platfoarm Europa

septimber 12, 2019 14:14

Foto: webside FNP

Juster binne Sybren Posthumus (FNP) en Charda Kuipers (GrienLinks) keazen as respektyflik foarsitter en fise-foarsitter fan it Platfoarm Europa fan de Steaten fan Fryslân. Steatelid Posthumus wie earder bestjoerslid fan de EFA (European Free Alliance), in partij yn it Europeesk parlemint.

It Platfoarm hie syn earste gearkomste yn de nije Steateperioade 2019-2023. It Platfoarm Europa is it orgaan yn Provinsjale Steaten dat him dwaande hâldt mei ‘Europeeske saken’. Sa wurdt ienris yn de fjouwer jier in besite brocht oan it Europeesk parlemint, binne der wurkbesites, binne der presintaasjes oer subsydzjes en oer de relaasje tusken de EU en Fryslân. Yn prinsipe binne alle partijen yn de Fryske Steaten fertsjintwurdige yn it Platfoarm.

septimber 12, 2019 14:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.