Pierre Bokma spilet Adolf Hitler yn searje oer tweintiger en tritiger jierren

septimber 9, 2019 08:34

Welkom in de jaren 20 en 30 mei ûnder oare Ilse Warringa, Tjitske Reidinga, Alex Klaasen en Frank Lammers.

Fan snein 8 septimber ôf stjoert de NTR op NPO Zapp Welkom in de jaren 20 en 30 út. In nije searje yn de rige histoaryske komeedzjes fan Niek Barendsen, dêr’t diskear it Ynterbellum, de perioade tusken de Earste en Twadde Wrâldoarloch, sintraal yn stiet. Keninginne Wilhelmina, Albert Einstein, Hendrikus Colijn, Fien de la Mar… Hja binne al jierren dea, mar foar Welkom in de jaren 20 en 30 meitsje se graach in útsûndering. Stik foar stik nimme se plak op ’e bank by praatsjoopresintator Dorine Goudsmit (Plien van Bennekom) om alles oer harren tiid te fertellen.

©Robbert-Jan van der Does

De tweintiger en tritiger jierren foarmen in fassinearjende, rûzige perioade mei grutte rykdom en djippe earmoed, enoarme fernijingen op artistyk en wittenskiplik mêd, opkommend fassisme en krisis. In tiid fan charleston en jazz, in tiid fan dûnsjen op ’e fulkaan en wachtsjen op it grutte konflikt. Yn Welkom in de jaren 20 en 30 passearje tal fan grutte nammen en barrens út dy perioade de revue, fertolke troch in respektabele list fan Nederlânske akteurs. Sa sjogge we Erik van Muiswinkel as Hendrikus Colijn, Owen Schumacher as Prins Bernhard, Malou Gorter as Prinsesse Juliana, Alex Klaasen as Charles Lindbergh, Lies Visschedijk as Fien de la Mar, Raymonde de Kuyper as Keninginne Wilhelmina, Sergio IJssel as Louis Armstrong en Pierre Bokma as Adolf Hitler.

©Lisanne Boon

De oare akteurs dy’t meidogge binne: Ilse Warringa, Tjitske Reidinga, Gijs de Lange, Ellen Pieters, Martine Sandifort, Peter Blok, Paul Groot, Roos van Erkel, Rop Verheijen, Laus Steenbeeke, Remko Vrijdag, Rogier in ’t Hout, Dick van den Toorn, Elise Schaap, Xander van Vledder, Maaike Martens, Bas Hoeflaak, Minne Koole, Ruben Brinkman, Hein van der Heijden, Anne-Marie Jung, Joost Prinsen, Rogier Philipoom, Tjebbo Gerritsma, Rick Paul van Mullingen, Marc-Marie Huijbregts, Bianca Krijgsman en Maarten Heijmans.

De searje is betocht, skreaun en regissearre troch Niek Barendsen ûnder einredaksje fan Loes Wormmeester en mei prefester Piet de Rooij as wittenskiplik adviseur.

Utstjoering: alle sneinen om 17.50 oere by NPO Zapp op 3.

Besjoch de earste ôflevering fan Welkom in de jaren 20 en 30: ‘Opkrabbelen na de oorlog’.

En in dokumintêresearje mei Hans Goedkoop
Tagelyk mei de Welkom in…-searje stjoert de NTr in dokumintêresearje oer de tweintiger en tritiger jierren út, presintearre troch Hans Goedkoop: Een bezeten wereld; Nederland tussen de oorlogen. Alle wiken om 21.05 oere op NPO 2 te sjen.

septimber 9, 2019 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.