Patatsje bestiet 150 jier

septimber 30, 2019 13:06

Ierappels wurde al sûnt 1593 yn Nederlân ferboud. Earst noch net om te iten, mar om de sier fan de plant. Yn 1727 waard de ierappel, foar it earst yn Fryslân, as ‘folweardich’ iten erkend. Mar patat ite we folle minder lang, nammentlik noch mar 150 jier. En dat wurdt moandei fierd yn Houten op it Frituerwrâld-evenemint.

Foto: pixabay.com

Oardel iuw lyn waard op in merke yn Breda de earste poarsje ferkocht. Underwilens is it patatsje net mear wei te tinken út ús deistich libben. Yn trochsneed ite wy de persoan sa’n fjirtich oant fyftich patatsjes (fan likernôch 180 gram) jiers. Byinoar hawwe wy al sa’n 57 miljard poarsjes patat fersnobbe.

Strjititen
Hoewol’t de konsumpsje fan patat wat tebekrint, is patat hip. Op festivals is meastal wol in patatwein te finen, faak wol ferskate. It patatsje stamt út de tiid fan de Frânske Revolúsje. Frituerre ierappels op strjitte ite begûn yn Parys. Dat is oplutsen fia Noard-Frankryk, nei Walloanië, troch Flaanderlân en is sa nei Nederlân ta kaam.

Der is tsjintwurdich raspatat, krolpatat, Flaamske friten, Britske chips en Frânske allumettes. De foarm fan de patat is yn ’e rin fan de jierren wol feroare, mar dochs wurdt it tradisjonele Nederlânske patatsje noch it meast iten. De meast ferkochte snijmjitte is in tsjokte fan sa’n alve milimeter. Yn it ferline waard foaral soer en piccalilly op de patat dien. Doe waard it mayonêze en dat is no wer it populêrst. Oare farianten binne bygelyks in patatsje oarloch, mei kurry of mei sipels. Fegetaryske en feganistyske (yn plantaardige ferpakking) farianten binne no ek in trend.

Smûsgids
Yn de gebieten dêr’t de grutte rivieren trochhinne rinne, wurdt ‘fryt’ sein, yn de rest fan Nederlân is it ‘patat’. Op it frituerevenemint yn Houten wurdt hjoed in spesjale Smulgids presintearre. In soart Michelingids foar kafetaria’s. No stean der noch sa’n santich frituersaken yn, mar it is de bedoeling dat it der yn de kommende jierren hûnderten wurde. Dy krije allegear keurmerken, bygelyks ‘mei goud bekroand’, wat betsjut dat se ambachtlike hapkes meitsje.

septimber 30, 2019 13:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lieuwe Durksz septimber 30, 17:56

    De jirpels binne yn 1593 foar it earst yn Nederlân kommen, mar men iet der doe noch net fan. Dat barde pas súntsjesoan yn de 18-de ieu. En pas yn de 19-de ieu dan wurdt it mear it folksiten.

    It bliuwt lêstich foar sjoernalisten en oare lju om goed skiedkundige boarnen to rieplachtsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.