Pastadream

septimber 28, 2019 07:00 Fernijd

Ferhaal fan Mattijs Verkuijl

Yn ien fan de keukensladen is it somtiden in hiele drokte, benammen om itenstiid hinne. Net elkenien kin dat goed hearre, mar ast goed harkest, hearst ferkate stimmen. It liket wol oft se dêr spul hawwe mei-inoar.

It lûd komt eins allinnich fan de pastasoarten lykas spagetty, makaroany en tagliatelle. De spagetty hat it heech in it krop en fielt har tige bysûnder, mear as de oaren. Se fynt de makaroany mar in frjemd, lyts, krom skepsel. Dat is dochs gjin iten! It liket wol in wjirm. De tagliatelle is hielendal frjemd iten mei alderhande knopen; in grimelgrammel fan pastatriedden. Nee, dan hat sy folle mear ynhâld mei har lingte, rjocht en slank figuer en fansels har hearlike smaak. “Se is sa waanwiis en se tinkt dat se in fin mear hat as in bears”, flústeret de makaroany tsjin de tagliatelle, “wylst de saus folle leaver mei ús yn de panne wol.”

“Ik fyn it sok nuver iten, sa’n spjochtig wanskepsel. Dat is dochs gjin iten. It roait igge noch seame, sa’n soarte pasta”, seit de makaroany. “It liket nearne nei en ik smeitsje eins folle better. Ik bin wol lyts en behindich, mar myn smaak is poerbêst. Eins wol ik no nei de minsken ta oan tafel diskear. As it hieltyd wer dy spagetty wurdt, duvelsk bin ik dan, suver hellich.”

De tagliatelle tinkt, lit mar prate en smûge. Ik sil wol ferstannich wêze. Ik wol net altyd in soad drokte en fertoan hawwe, mar ik haw net allinnich de reade saus mar ek myn eigen saus. As ik in spegel hawwe soe en ik soe freegje wa’t de moaiste is yn it lân, dan soe er sizze: “Do.” Mar ik hoech net sa nedich. Ik lis hjir bêst. Foar it neist sil it dochs wol wer de spagetty wurde.

Ynienen hearre se in oare stimme. It docht bliken dat de sipel ek wat seit op dat stuit mei in dúdlik lûd: “Wat binne jimme dochs ûnmooglik: oergeunst, heechmoed, habsucht en fretterichheid, ferhoalen gleonens, loaiens en in soad ferburgen hellichheid. Dat binne de sân haadsûnden tagelyk yn ien laad. Jimme moatte jim skamje. Foar alle wissichheid, ik bin de earste dy’t út it laad helle wurde sil, en jimme net”, seit er mei in lytsachtsjende toan. Ik sjoch der it aldermoaist út en ik rûk it hearlikst fan al it iten. Myn foarm is ek sa bysûnder, want der binne ek tsjerketuorren en klokkestuollen makke oan ’e hân fan myn úterlik en dat kinne jimme net sizze, alhoewol’t de spagetty wol op Muoike Sidonia liket. Mar fierder is it my gûl om goarre, wa’t fan jimme útsocht wurdt. Mar ik wol net dat myn hearlike smaak oergiet op dy pasta. Dêr bin ik te gjirrich foar. Ik wol dat net diele mei dy lju.”

Foto © Matthijs Verkuijl

Dan begjint hookstrooks de tarieding fan it iten. De sipel mei yndied it earst optrede tegearre mei it gehak. Underwilens wachtsje de pasta’s mei spanning ôf wa’t fan harren útsocht wurdt. Dat duorret wol in skoft, want de sjampinjons en de paprika moatte earst ek noch skjinmakke wurde. “Dy stumpers kinne net op harren sels farsk bliuwe en hawwe hieltyd stipe nedich fan de kuolkast”, gniist de spagetty. “Ik bliuw de moaiste, de bêste, de slankste, de eachstrieljendste fan elkenien.”

Ynienen giet it laad wer iepen en wurdt yndied de spagetty derút helle. Dat jout fansels in soad gefoeter by de oaren. “Altyd itselde lietsje”, suchtet de makaroany. Yn stee fan dat se my nimme, giet wer dy alderheistlike pasta foar ús.

“Wachtsje mar ôf”, seit de tagliatelle en laket yn harsels. It sil har al ôffalle. Want wat se noch net wit, is dat se aanst fyn snien wurdt yn lytse stikjes.” En op dat stuit hearre se al in ôfgryslik gegûl. “Eigen skuld, ha ha, it kwea straft himsels”, seit de makaroany, hoewol’t har de grize oer de grouwe rint, mar se wol net blike litte dat se dochs in lyts bytsje in soarte fan meilydsumheid oer har hat.

septimber 28, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.