Oraasje Klaas Fokkema persys 70 jier lyn

septimber 30, 2019 18:23

Pref. dr. Klaas Fokkema (foto: in memoriam troch pref. dr. A. van der Lee)

Hjoed persys santich jier lyn hold Klaas Fokkema syn oraasje oan de Frije Universiteit Amsterdam, mei de titel: “Over de groei van het Friese taalbesef.” It wie it begjin fan de learstoel Frysk oan de VU, dy’t wilens al moai wat jierren net mear bestiet. Fokkema is yn 1967 ferstoarn en yn 1968 opfolge troch Tony Feitsma en Henk Meijering.

Klaas Fokkema (Ljouwert, 5 maart 1898 – Amstelfean 26 febrewaris 1967) wie frisist en bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Frije Universiteit fan Amsterdam sûnt 1949 en gewoan heechleraar yn it Aldfrysk, Aldingelsk en Aldsaksysk dêr sûnt 1954. Promovearre yn 1937 op It Stedsfrysk en makke letter stúdzje fan Fryske dialekten. Organisearre fiif wurkkampen (1960-1965) yn de Súdwesthoeke oer de dialekten dêr, dêr’t it risseltaat fan yn 1972 publisearre waard.

septimber 30, 2019 18:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.