Noorderlicht foto-eksposysje yn Natuermuseum Fryslân

septimber 26, 2019 08:49

Al earder wie der in fototentoanstelling fan Noorderlicht te sjen yn it Natuermuseum Fryslân te Ljouwert. Noorderlicht is in breed en ynternasjonaal poadium foar dokumentêre fotografy, dat dit jier syn tritichjierrich jubileum fiert. Fan 28 septimber 2019 oant en mei 5 jannewaris 2020 is dêr The Collective Landscapeder te sjen, mei wurk fan Eddo Hartmann.

Foto: Eddo Hartmann

Noorderlicht en de Ryksuniversiteit Grins (RUG) kontinuearje harren gearwurking yn de rige ‘Imagining Science’. Dêryn krijt in fotograaf de opdracht om in wittenskiplik ûndersyksfjild te ferbyldzjen yn relaasje mei it Noorderlicht festival-tema fan it oanbelangjende jier. It doel fan dy langjierrige gearwurking is om in breed en autonoom artistyk byld fan it wittenskiplik libben te jaan. De opdracht foar 2018 gong nei Eddo Hartmann. Op it Noorderlicht-festival 2018 ‘IN VIVO’ wie al in part fan it wurk te sjen. Fan 28 septimber 2019 o/m 5 jannewaris 2020 wurdt de yntegrale searje ‘The Collective Landscape’ útstald yn Natuermuseum Fryslân.

It Nederlânske lânskip hat slim te lijen fan de ferskate oanspraken op de mar lytse romte. It is ôfgryslik lestich om it lânskip te beskermjen as in kollektive wearde en it dêrnei ek noch ta te rieden op de takomst. Yn de striid om de romte komme ekonomysk swakkere funksjes lykas ‘bioferskaat’ faak op it lêste plak.

Fan trekfûgels oant lânbou

Foto: Eddo Hartmann

Oan de RUG wurdt út ferskeidene dissiplines wei ûndersyk dien nei lânskip, natuer, lânbou en ekosystemen. Yn opdracht fan de RUG en Noorderlicht ferbyldet Hartmann de spesifike ûndersyksgebieten fan heechleararen Theunis Piersma (trekfûgelekology), Han Olff (ekosystemen en natuerynklusive lânbou) en Henk Folmer (miljeu-ekonomy en lânbouferskaat) en de minsken mei wa’t hja gearwurkje. Hartmann liet him hjirby ynspirearje troch it konsept ‘Collective Landscape’ fan de Britske lânskipsarsjitekt Sir Geoffrey Jellicoe, dy’t it lânskip seach as in mienskiplike keunstutering fan de minskheid. Om dat te beklamjen sette Hartmann yn in oantal gefallen sels oanfoljende ferljochting op lokaasjes dêr’t de wittenskippers mei fjildûndersyk dwaande wienen.

Eddo Hartmann (Nederlân, 1973) studearre oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunsten (KABK) yn De Haach. Eardere projekten wienen ûnder oaren de fotoboeken ‘Hier Woont Mijn Huis’, in persoanlike searje oer syn âlderlik hûs, en ‘Setting The Stage – North Korea’, oer it libben fan Noard-Koreanen yn de haadstêd Pyongyang.

septimber 26, 2019 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.