Nederlânske militêren nei Bahama’s

septimber 12, 2019 09:16

De Nederlânske marine is begûn mei in helpferlieningsmissy op de Bahama’s. Troch de orkaan Dorian binne tûzenen minsken op de eilannegroep dakleas rekke. Der binne yn elts gefal fyftich deaden en der wurde likernôch 2500 minsken mist.

Foarbyld marineskip (foto: pixabay.com)

Twa marineskippen mei dêrop sa’n 550 militêren en materieel binne woansdei oankaam by it eilân Abaco, dat it swierst troffen is. Der is in grutte ravaazje. Allinnich de grutte stevige gebouwen stean noch oerein, alles dat mei hout boud is, leit tsjin de flakte. Der is ferlet fan iten, mar ek oare help, lykas yn sikehuzen dêr’t in protte ferwûne minsken lizze.

As ûnderdiel fan de misje binne in tal medyske tiims meikaam. Der binne twa helikopters beskikber en spesjale boaten om lestich te berikken gebieten fan iten te foarsjen. Ien fan de marineskippen is útrist mei materieel om de haven fan Abaco wer begeanber te meitsjen.

Neist de Nederlânske helpers binne der ek fyftich Dútske en fyftich Frânske militêren oankaam.

septimber 12, 2019 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.