Nederlanners neame boppegemiddeld soad talen op cv
Resint ferskynd
Yn Nederlân neame wurksikers in boppegemiddeld soad talen op it cv. Neist de memmetaal fermelde Nederlanners nammentlik 22,9% mear talen as wrâldwiid yn trochsneed. Dat en mear blykt út ûndersyk fan tsjinstferliener CVster, dat goed hûnderttûzen cv’s út 39 lannen analysearre.
Europeanen claime taleknobbel
Foaral sollisitanten út Europa behearskje de measte talen neist de memmetaal, sa lit it ûndersyk sjen. De wrâldwide top 10 fan lannen mei it heechste oantal sprutsen talen bestiet folslein út Europeeske lannen. Yn trochsneed wurde der troch Europeeske sollisitanten 22% mear talen neamd as troch wurksikers út oare lannen.
Belgyske wurksikers hawwe neffens harren cv de grutste taleknobbel: sollisitanten neame hjir 73,5% mear talen as yn trochsneed. Nei België skoare ek – it meartalige – Switserlân (+67,4%) en Finlân (+52,8%) heech. Nederlânske sollisitanten steane ek yn de wrâldwide top tsien (+22,9%).
Ingelsktalige lannen skoare min
It leechste oantal talen dat behearske wurdt, blykt neamd te wurden op de cv’s fan wurksikers út lannen dêr’t Ingelsk in offisjele taal is. Sa neame bygelyks sollisitanten út Nij-Seelân 60,1% minder talen as wrâldwiid gemiddeld. Ek foar Nigearia (-58,3%), Australië (-53,4%), Kanada (-45,4%), en Ierlân (-36,7%) jildt dat.
Nettsjinsteande it gedachtegoed dat der fan Dútsers en Frânsen faak fan útgien wurdt dat hja allinne harren eigen taal prate, skoare hja boppegemiddeld op de ynternasjonale ranglist. Dútske wurksikers neame nammentlik gemiddeld krekt 44,9% mear talen neist de eigen memmetaal as gemiddeld. Se steane hjirmei wrâldwiid op in fjirde plak. Frânsen neame relatyf ek in soad talen op harren cv (+18,2%).
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op de webside fan CVster.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje