Neat dronken, dochs alkohol yn it bloed

septimber 23, 2019 07:38

Der binne minsken dy’t gjin drip hoege te drinken en dochs alkohol yn it bloed hawwe. Alle minsken hawwe nammentlik baktearjes yn ’e terms en by guon minsken meitsje dy alkohol oan. Dat is meastal net safolle dat de pasjint dronken wurdt, mar yn guon gefallen meitsje se safolle alkohol oan dat de lever der skea fan oprint. Dat kin allegear aaklike sykten feroarsaakje, lykas hertproblemen en leverkanker.

Dat hawwe Sineeske wittenskippers ûntdutsen. Troch proeven mei mûzen kamen hja derefter dat de baktearje Klebsiella pneumonica de kweadogger is. Net alle minsken hawwe dy baktearje en by de minsken dy’t him hawwe, makket er net altyd alkohol oan.

De proefbisten waarden genêzen mei antybioatika, mar neffens Max Nieuwdorp, heechlearaar ynwindige genêskunde yn it Amsterdamske akademysk sikehûs AMC, kin dat by minsken net, om’t dan te folle goede baktearjes ek sneuvelje. Neffens him is it it bêste dat pasjinten mei alkoholprodusearjende baktearjes yn ’e terms op in sûkerfrij dieet set wurde. De baktearjes libje nammentlik fan sûker en nimme yn oantal ôf as se neat te iten krije.

It ûndersyk is útfierd troch Jing Yuan, Chen Chen, Jinghua Cui, JianXin Wu, Ruifu Yang en Di Liu. In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Cell Metabolism. Klik hjir foar in gearfetting.

septimber 23, 2019 07:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.