Nammen foar brêgen Reidmarrûte

septimber 28, 2019 09:32

De Reidmarrûte, oanlein foar elektrysk of hybride oandreaune sloepen, is al wer in skoftke yn gebrûk. Mar hielendal ‘ôf’ is de farrûte noch net. Dat feroaret no’t fjouwer brêgen yn Westhim fan de gemeente Súdwest-Fryslân nammen krigen ha: Pôllebrêge, Kotsyl, Draay en Batten.

Foto: pixabay.com

It foarstel foar de nammen komt fan Pleatslik Belang fan Westhim, yn oerlis mei de ynwenners. De Reidmarrûte, in eardere kanorûte dy’t yn Boalsert begjint en yn Aldegea einiget, rint troch harren doarp. Foar de oanlis fan de rûte binne yn Westhim brêgen ophege en fernijd.

De Pôllebrêge leit yn de dyk rjochting Pôllepleats en is yn Westhim de earste brêge fan de Reidmar ôf. De dyk wurdt ek wol Pôllereed neamd. “Pôllebrêge is dan in passende namme”, is de gemeente fan betinken.

Kotsyl ferwiist nei in eardere ûntwetteringsslûs (‘syl’) en de Fryske beneaming fan de strjitte: ‘De Kat’. Yn it doarp waard de strjitnamme steefêst skreaun sa’t dy útsprutsen waard: Kot.

Foar’t de âlde brêge yn de Feytebuorren lei, waard der gebrûk makke fan ‘barten’. Dat binne smelle losse brechjes, makke fan planken. Dy barten koene draaid wurde om in pream troch te litten. De barte op dit plak waard troch de omwenners ek wol Draay neamd. ‘Batten’ foar de brêge rjochting De Wimerts is in oantinken oan de tiid dat dêr ek in plankebrêge oer de feart lei.

De Reidmarrûte is de tredde ‘inkeld elektrysk’ rûte fan Fryslân. Earder waarden de Bûtenfjildrûte en de farrûte tusken Heech en Aldegea iepene. De rûte is ek gaadlik foar kanofarders en SUPpers (Stand Up Paddling).

septimber 28, 2019 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.