Mont Blanc-gletsjer stiet op ynstoarten

septimber 25, 2019 07:55

In grut part fan de Planpincieux-gletsjer oan de Italiaanske kant fan de Mont Blanc driget yn te stoarten. 250.000 kubike meter iis driget nei ûnderen te kommen yn ’e foarm fan iislawines. De beweging fan it ûnfeilige part fan de gletsjer hat in faasje fan 50-60 sintimeter deis berikt.

Foto: pixabay.com

Yn de Aosta-delte binne twa haadwegen ôfsletten en gebouwen en huzen ûntromme. De boargemaster fan it Italiaanske doarpke Courmayeur naam it beslút nei’t er ynformearre wie oer de risiko’s.

Rap ferwinende gletsjers binne in symptoom fan klimaatferoaring. “Dat fenomeen lit wer sjen hoe’t de berch in perioade fan grutte feroarings trochmakket as gefolch fan klimaatferoaring”, seit de boargemaster. “Dêrom is de berch no bysûnder kwetsber.” De gletsjer wurdt al sûnt 2013 bestudearre troch de stifting Safe Mountain. Dy sloech alaarm doe’t de meiwurkers fernamen dat it iis rapper begûn te teien. Yn itselde gebiet wurdt ek in oare gletsjer, de Whymper, observearre.

In jier lyn kamen twa toeristen om en waarden mear as hûndert minsken evakuearre yn Courmayeur as gefolch fan lânferskowings yn it Val Ferretgebiet. De slachtoffers waarden yn ’e buert fan Planpincieux yn harren auto meisleept troch de blabze. De Mont Blanc is de heechste berch yn ’e Alpen mei in hichte fan 4.810 meter.

septimber 25, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.