Miljoen minsken njoggen oeren sûnder stroom op Tenerife

septimber 30, 2019 08:31

It Kanaryske eilân Tenerife hat snein in grut part fan de dei sûnder stroom sitten. Tusken 13.00 en 22.00 oere wie der gjin elektrisiteit foar de 900.000 ynwenners en tsientûzenen toeristen op it eilân.

Foto: pixabay.com

De steuring ûntstie sneintemiddei troch ûnbekende oarsaak yn in elektryske ynstallaasje fan netbehearder Red Eléctrica. Oer it hiele eilân foelen ferkearsljochten út en giene alaarmen ôf. In protte kafees en restaurants op it eilân giene út need ticht.

Pas let yn ’e jûn wie de steuring ferholpen. De helptsjinsten hawwe neffens de Spaanske krante El País hast sânhûndert telefoantsjes krigen fan minsken mei problemen. Tsientallen helpaksjes moasten útfierd wurde, it grutste part foar minsken dy’t yn in lift fêstsieten.

Grutte ynsidinten hawwe har neffens de autoriteiten net foardien. Fleanfjilden en sikehuzen koene tanksij needgeneratoaren yn bedriuw bliuwe.

septimber 30, 2019 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.