Meiprate oer it skoalfak Frysk?
Resint ferskynd
Wat moat der barre om de lessen Frysk op alle skoallen yn Fryslân yn 2030 op it wetlike nivo te krijen? Wat is it wichtichste doel fan lessen Frysk? En hoe kin de ynhâld fan it fak Frysk oanpast wurde oan de ynsjoggen fan in nije generaasje ûnderwiissaakkundigen? It binne in pear wichtige ûnderwerpen dy’t oan bod komme op it kongres Fierder mei Frysk. It kongres wurdt alle jierren organisearre troch Cedin yn Drachten en hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert. Dit jier is it kongres op 19 novimber yn Ljouwert.
Leararen Frysk en oaren mei belangstelling foar it skoalfak Frysk kinne har oant 1 novimber oanmelde as dielnimmer. It bywenjen fan ’e dei kostet 25 euro. Oanmelde kin op it webstee fan Cedin: link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje