Media Art Fryslân stipet keunstynstallaasje op Schloss Clemenswerth

septimber 14, 2019 10:31

Byldzjend keunstneres Loes Heebink út Kolderveen (Meppel) presintearre op freed 13 septimber har keunstwurk ‘Clemenswerther Flüsterer’ by Schloss Clemenswerth yn Sögel (Emsland/Dútslân). De keunstneres foltôge it wurk koartlyn yn it ramt fan Grenzkultur, in grinskrusend projekt om it ymmaterieel erfgoed yn Dútslân en Nederlân hinne. It keunstwurk is mei produsearre troch stifting Media Art Fryslân, ek organisator fan it Media Art Festival en LUNA yn Ljouwert.

Wurk fan Loes Heebink (foto: st. Media Art Fryslân)

Opdracht wie om in hjoeddeiske artistike blik te jaan op it tema ‘jacht’. Mânskheech, mar troch harren transparânsje tige yl, stean tusken it besikersparkearplak en it haadkastiel trije figueren: in hynder, in jachthûn en in falk. Besikers moatte goed sjen, mar ek harkje om it ferhaal fan dy bisten te ûnderfinen. In subtile klank soarget foar in sintúchlike ûnderfining. De klank is makke troch de Ljouwerter lûddesigner Marinus Groen, dy’t ek as technysk produsint ferbûn is oan Media Art Fryslân. Jachtlûden, mar dan út it bysûndere perspektyf fan de proai wei, klinke út de sokkels fan de trije bisten. De pleksyglês skulptueren binne makke troch it Ljouwerter bedriuw Pyrasied.

Hynder fan Loes Heebink (foto: st. Media Art Fryslân)

Loes Heebink jout mei it wurk net allinnich in fyzje op it ûnderwerp jacht, mar hat tanksij har jachtfergunning ek ynsjoch yn it spul tusken minske en bist by de jacht: “Wat my it meast fassinearret by de jacht is de konneksje tusken minske en natuer fia de bisten. As wy goed sjogge en harkje hoe’t de bisten har hâlde, leare wy ek wat oer ússsels. Wy begripe hoe’t de natuer yninoar sit en funksjonearret. De skerpe sintugen fan de bisten helpe de minsken dan ek om iten yn de natuer te finen en te rispjen of bygelyks in natuerramp of driigjende sykten oankommen te sjen.”

Grenskultuer is in grinskrusend projekt om it ymmaterieel erfgoed yn Dútslân en Nederlân hinne. Yn it projekt wurkje de Emsländische Landschaft, Stichting Kunst & Cultuur, Provinsje Drinte en Emslandmuseum Lingen gear oan lytse en grutte eveneminten om de tema’s romte, taal, ambacht en feesten hinne. De gearwurking resultearret yn útstallings, poadiumaktiviteiten, aksjedagen, films, wurksjops en publikaasjes dy’t oant ein 2019 oan it publyk presintearre wurde.

septimber 14, 2019 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.