Meartalichheid bedriging foar it Frysk?

septimber 29, 2019 07:53

Yn hoefier wurdt in meartalich perspektyf yn it ûnderwiis yn de ûnderwiispraktyk as in bedriging foar it Frysk ûnderfûn?

Taspraak fan Rianne Blokzijl,
dosint Fryske taal en kultuer Piter Jelles Ljouwerter Lyseum,
by Betinking Slach by Warns 28-09-2019

foto It Nijs

Foar’t ik jim meinim nei de praktyk fan it fak Fryske taal en kultuer yn it fuortset ûnderwiis, wol ik Tom Dykstra en de stifting Slach by Warns betankje foar de útnûging. Neffens my is it fan grut belang dat hjir praat wurdt oer de situaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Fan noch grutter belang is it, tinkt my, dat dat troch ien dien wurdt dy’t dêr alle dagen mei te krijen hat. Ik fiel my fereare dat ik dat hjoed wêze mei, nochris betanke dêrfoar.

Foar’t ik úteinset is it miskien foar jimme wol aardich om wat mear te witten oer wat ik krekt doch, op hokfoar skoalle oft ik wurkje en wat de begjinsituaasje is as it giet om de leeftyd en memmetaal fan de learlingen.

De skoalle dêr’t ik dosint Fryske taal en kultuer bin, is it Ljouwerter Lyseum, in ûnderdiel fan skoallemienskip Piter Jelles mei ûnderskate lokaasjes yn en bûten Ljouwert. It Lyseum stiet yn de wyk Aldlân, in oerwaagjend net-Frysktalich gebiet. De learlingen yn myn klassen komme út ’e stêd, mar likegoed út omlizzende doarpen. Yn in klasse mei likernôch 25-30 learlingen binne der yn trochsneed sa’n fiif learlingen dy’t it Frysk as memmetaal hawwe. Ik praat no oer de groepen learlingen yn klasse 1, om’t dy allegearre Frysk op it roaster hawwe. De hâlding fan dy learlingen foar it fak Frysk oer is eameltsjes. Dat sil njonken it plak dêr’t de skoalle stiet ek te krijen hawwe mei de âldens fan de bern. Want, we moatte net ferjitte dat it bern binne, en bern rinne efter de grutte kliber oan. Dat heart by harren, by de ûntwikkeling fan harren brein. Se dogge dat foar it foarmjen fan harren identiteit. Se kieze, al of net bewust, in groep dêr’t se by hearre wolle. By de identifikaasje oan in bepaalde groep heart ek it fertoanen fan bepaald hâlden en dragen, in gedrachskoade. Gedrach dat hjoed-de-dei beynfloede wurdt troch it ynternet, de sosjale mediakanalen lykas Instagram en Snapchat. En op dy kanalen is net in soad romte foar de eigen Fryske taal en identiteit. Want it Frysk – en dan praat ik oer de ûnderfining dy’t ik mei myn eigen learlingen ha – is foar boeren. Om dan even werom te kommen op de leeftyd fan de bern en it groepsgedrach dat dêrby heart: de groep dy’t it Frysk op dy leeftyd aktyf brûkt is mar lyts, en wa wol him no mei in lytse, yn de minderheid wêzende, groep identifisearje? Gjinien fan harren, want dat passet gewoanwei net by de leeftyd. De taal wurdt wol brûkt, mar suver efter tichte doarren. Net mei de grutskens dy’t ik graach sjen wolle soe.

Foar it skoft hie Joana it al oer it belang fan in positive hâlding foar it oanlearen fan in taal. Se neamt dat sels in rânebetingst. As men sjocht nei hoe’t it brein fan in bern wurket soe dêrmei goed ferklearre wurde kinne wêrom’t de hâlding foar it fak oer sa min is. Ik slút my dêrom ek folslein oan by de opfetting dat earst de hâlding foar de taal oer feroarje moat om it Frysk in sterkere posysje yn de skoallen te jaan: it moat net nuver fûn wurde dat de taal brûkt wurdt, mar in gewoante. Lykas dat it brûken fan it Nederlânsk en sels it Ingelsk as gewoan sjoen wurdt.

It meiwurkjen oan it Holi-Frysk projekt, dêr’t yn myn lespraktyk de klam yn it foarste plak lei op it ferbetterjen fan de attitude fan learlingen foar it Frysk oer, hat foar in grutte positive feroaring by de learlingen soarge, by de Frysktaligen likegoed as by de net-Frysktaligen. De lessen, dy’t ûnder oare omtinken joegen oan fragen lykas: wannear brûkt ien de Fryske taal wol of net? Wêrom praat ien yn de iene situaasje wol Frysk en yn de oare situaasje net? Yn hokker taal tinksto? Dreamsto? hawwe de learlingen ôfgryslik oan it neitinken set oer wat taal mear is of wêze kin as allinne in kommunikaasjemiddel. Der ûntstie it idee dat taal alles te krijen hat mei wa’t men is, jins identiteit. Dus dat in Fryske learling him ek it bêste uteret yn syn eigen taal, of dat it leafst docht, eins hiel gewoan is, lykas dat in Nederlânsk- of Arabysktaligen ien ek it leafst syn eigen taal brûkt. It beheljen fan oare memmetalen dy’t learlingen yn de klasse hawwe, soarget foar in breder draachflak foar dat idee. Want it wie ommers hartstikke logysk dat Mohammed it leafst yn it Arabysk praat – it is syn memmetaal! Troch it Holi-Frysk project fan Mercator fan de Fryske Akademy is dat ynsicht by learlingen ûntstien en dat is hiel weardefol foar de lessen.

Ik besykje om learlingen sjen te litten dat it gewoan is om Frysk te praten, mar ek om Frysk oansprutsen te wurden. Dat doch ik troch altyd Frysk te brûken. Net allinnich as fiertaal by de lessen, mar – miskien noch wichtiger – as kommunikaasjemiddel bûten de lessen om. Likegoed tsjin dosinten as learlingen. En it moaie is dat it njonkenlytsen GEWOAN is. Lêstendeis waard ik troch in kollega wiisd op it gegeven dat alle learlingen it “sa gewoan” fine dat ik Frysk tsjin harren praat (ek as se it Frysk net as memmetaal hawwe), en dat er net earder sjoen hie dat dosinten Frysk as kommunikasjemiddel brûke yn petear mei learlingen. Ik ha dêr op dat stuit net in soad omtinken oan jûn, foar my is it in gewoane saak, mar letter tocht ik dat it wolris it resultaat wêze kinne soe fan de hâlding dy’t ik oannim as it om it brûken fan it Frysk giet.

Troch it Frysk as minderheidstaal yn in meartalige kontekst te beneierjen kin bydroegen wurde oan in positive hâlding foar it Frysk oer fan likegoed memmetaalsprekkers as net-memmetaalsprekkers. It Frysk kriget njonken oare talen in mear fanselssprekkend plak, lykas Joana ek konkludearre yn har taspraak, mar tagelyk krijt it Frysk ek in mear unike status, suver spesjaal, en dat is foar bern no krekt wol wer nijsgirrich.
Dy positive hâlding, attitude, is nedich foar it oanlearen fan de taal en foar it kreëarjen fan ynsichten by learlingen oangeande it maatskiplik belang fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Ik bin lykwols wol fan betinken dat de meartalige kontekst gjin doel op himsels wurde mei, en dat wy as dosinten noch hieltyd in selde doel hawwe, nammentlik it ûnderwizen fan de Fryske taal en kultuer.
Op it Ljouwerter Lyseum hat it fak in tige sterke posysje, ien dy’t net ûnderdocht oan de posysje fan it Nederlânsk of it Ingelsk. Dat uteret him ûnder oare yn de sichtberens fan de taal yn de skoalle, de nijsberjochten yn it skoalkrantsje dy’t ek Frysktalich binne, mar hielendal yn de folslein trochrinnende learline Frysk dy’t wy oanbiede yn de foarm fan in Piter Jelles Akademy. In konstruksje dy’t learlingen fan alle lokaasjes fan Piter Jelles de mooglikheid biedt om fan klasse 1 oant en mei klasse 6 te kiezen foar it fak. Resulaat: it tal learlingen dat kiest foar sa’n trochrinnend programma wurdt hieltyd grutter!

Ik bin fan betinken dat in júste beneidering fan it Frysk yn meartalich perspektyf – sûnder dat it besteande programma yn ‘e ferdrukking komt – posityf bydrage kin oan de hâlding fan learlingen foar it Frysk oer. In bettere hâlding soarget op syn beurt foar mear motivaasje om de taal leare te wollen.

In dosint hat, njonken it oerbringen fan kennis, ek in oare rol, nammentlik dy fan opfieder. Dêrom moatte we learlingen wol deeglik bewust meitsje fan it gegeven dat se libje yn in meartalige maatskippij, en moatte we harren leare hoe’t se harren dêryn hâlde en drage moatte: in soarte fan persoansfoarming. Dêrnjonken kin meartalichheid ek ynset wurde, om learlingen it Frysk earder of better ûnder de knibbel krije te litten, troch de taal te ferlykjen mei Ingelsk, Dútsk of Nederlânsk. Ek dat foarmet net per definysje in bedriging foar it Frysk. As ik de wjerstân fan learlingen redusearje kin troch yn myn lessen omtinken te jaan oan it meartalige perspektyf, en dêrby oare talen yn myn lessen brûk ta befoardering fan it oanlearen fan it Frysk, sjoch ik dat allinnich mar as winst! Net allinnich foar de learopbringsten, mar ek foar de learbelibbing fan de learlingen.

It betsjut lykwols net dat wy it Frysk fan hjoed ôf allinnich noch mar sjen moatte as ûnderdiel fan de meartalige kontekst –KREKT NET!–, want as we dat dwaan soene, soe it yn de takomst wol deeglik in bedriging wurde kinne foar it Frysk. Foar it behâlden fan in taal moat dy aktyf brûkt wurde, en net sjoen wurde as kulturuel erfguod, as in útstoarne taal.
Dêrom stiet yn myn lessen foarop dat ik de learlingen krekt dat lear: it aktyf brûken fan de Fryske taal, en it leafst op in – en dat jildt likegoed foar de learlingen as foar mysels – aardige manier, sûnder al te folle stroffelstiennen. Wêrby’t ik de bern hieltyd oanhâldend op it hert druk dat it Frysk gjin minderweardige taal is oan alle oare talen en dat it brûken dêrfan mei, en eins moat! En ik fyn, en dan moat ik foarsichtich wêze, dat we dat sels folle mear útdrage moatte nei ús learlingen ta.

As einbeslút wol ik besykje om antwurd te jaan op Joana har fraach yn hoefier’t it meartalige perspektyf yn de praktyk sjoen wurdt as bedriging foar it Frysk. Ik soe my yntinke kinne dat guon dosinten it sjogge as in bedriging. ‘Moatte we dat ek noch yn dat bytsje tiid dwaan!?’ En eins begryp ik dy wjerstân wol. Hielendal as it ynhâlde soe dat der ûnderdielen út it programma skrast wurde moatte soene om plak te meitsjen foar de meartalichheid. Dêr bin ik dan ek grut tsjinstanner fan! Oan ’e oare kant kin it meartalige perspektyf, ynset op de krekte wize, allinnich mar op in positive wize bydrage oan de persoansfoarming fan learlingen. Boppedat kin it ymplemintearjen fan mear talen yn de les Frysk in positive feroaring betsjutte by de motivaasje foar it oanlearen fan it Frysk. Neffens my in gegeven dêr’t alle dosinten ferlet fan hawwe.

Salang’t wy mei leafde foar de klasse stean, en net ferjitte wat ús doel is, kin it meartalich perspektyf nea in bedriging wêze: it sil nammentlik nea ús doel ferfange kinne, nammentlik it ûnderwizen fan de taal en kultuer fan it gebiet dêr’t wy yn wenje. Ik bin fan betinken dat it fan grut belang is dat dosinten Frysk iepen steane foar it meartalige perspektyf, en hoe’t dêr foardiel mei helle wurde kin, en wol dan ek ôfslute mei in oprop oan alle dosinten Frysk: stean iepen foar nije dingen, feroaringen, mar bliuw yn it foarste plak tichteby jinsels en jins doel. Mei ús allen steane we der garant foar dat it meartalige perspektyf gjin bedriging foar it Frysk wêze KIN!

septimber 29, 2019 07:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma oktober 1, 12:21

    Helder oansprekkend ferhaal!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.