MartiniPlaza iepenet feestlik it nije teaterseizoen

septimber 11, 2019 07:27

By de feestlike presintaasje hjoed 11 septimber fan 20.00 oere ôf kin men foarpriuwkes ferwachtsje fan de (grutte) produksjes dy’t yn seizoen 2019-2020 by MartiniPlaza yn it teater stean. Yntree is fergees, reservearje is needsaaklik.

Foto: MartiniPlaza

It Noordpool Orkest sil de jûn muzikaal begeliede. Dennis van Aarssen (winner Voice of Holland 2019) jout in lyts foarpriuwke fan syn sjoo. Ghost Stories lit sjen, hearre en fiele wêrom’t men nei dy spannende sjoo gean moat. Der is muzyk te hearren út Lazarus, it lêste masterwurk fan David Bowie en ek de grutte produksje Hello Dolly! ûntbrekt net.

Fergeze konsumpsje by oankeap fan kaartsjes en koarting op foarstellings
Nei de seizoenspresintaasje is der de mooglikheid om kaartsjes te keapjen foar de foarstellings fan it nije seizoen. Besikers fan de seizoenspresintaasje krije dêr in konsumpsjemunt en koartingsaksjes foar ferskate foarstellings by.

Kaartsjes foar it nije seizoen binne fia de webside of by de resepsje te keap.

Op ’e hichte bliuwe fan it programma fan MartiniPlaza? Folgje it teater op www.martiniplaza.nl, Instagram, Facebook, LinkedIn en Twitter. Of besjoch de teatergids of struibrieven. Of meld jo oan foar de nijsbrief.

De seizoenspresintaasje is op it stuit folslein folboekt. As der kaarten frijkomme, wurdt dat fia de webside kommunisearre.

septimber 11, 2019 07:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.