Mâle Thomas (ferhaal)

septimber 7, 2019 07:41

By it eardere slûske yn de Paden nei de Boppeknipe wenne Foppe Hoekstra. Neist syn deistich berop as timmerman wie er ek noch slûswachter. Yn dy tiid moast alles noch mei preammen ferfierd wurde: gers, hea en net te ferjiten dong en jarre. Yn de pream mjuksje en mei de kroade der wer út. Der waard skutte op fêste tiden. Dat barde meastentiids by tsjuster. Healwei sânen, en yn ’t koartst fan de dagen healwei achten, wie’t by Foppe skutterstiid. Gjin minút letter. Dat koste jild, in dûbeltsje, mar Foppe wie der fûl op dat de lju op ’e tiid wiene en syn klokje gie nea efter, al waard der wolris oer hakketakke as Foppe it rinket (skúf yn de slûsdoar) opluts. En as der alris ien wie, dy’t sei dat er út hastigens mei kroade en al yn de pream telâne kommen wie en him dêrom earst ferstrûpe moast, dan wie it andert fan Foppe: “Kinst my alles wiismeitsje wolle, mar ik wol bewizen sjen, sa is ’t by it gerjocht ek.” Mei oare wurden: “Hiest de strontbrol mar oanhâlde moatten, dan hiest op tiid west.” Sa wie it sechje mei arbeider of feint, mar mei de boer sels tape er út in oar fetsje! Dan waard in dûbeltsje wolris in kwartsje, mar dat it ea nochris in ryksdaalder wurde soe, ja yn ien klap twa, dêr hie Foppe nea fan dreame kinnen. Wat him oerkaam soe er syn hiele libben nea ferjitte.

Fryske tilbury (boarne: Wikipedy)

It wie altyd wenst dat mei de Gordykster merk gjin boer yn wide omkriten op it hiem te finen wie. Se giene mei de tram, op ’e fyts, mar ek mei eigen tilbury. As rasechte Knypster gie Klaas fan Bonne’s, of dúdliker Klaas Bonnes Hielkema, mei syn reau nei de merk op de Gordyk. Om’t er op de súdkant fan de feart wenne, moast er efkes it Wâld om. De barten wiene ommers te smel. In hiele omwei en dan oer de Wâldsterbrêge. Dêr wie er wer sawat op itselde plak dêr‘t er weikommen wie. Oft it no west hat dat Klaas dêr yn de wêromreis tsjinoan seach, of dat er mei syn útsûnderlik leauwen oan Bacchus, of troch beide, by it slûske sei Klaas: “Ho.” It deamakke âld hynder stie stil. Foppe hearde ek wat (Klaas joech alris in frjemd lûd) en gie derop ôf. “Kinst my ek skutte? It âld hynder hat gjin nocht en ik ek net om de Wâldsterdyk nochris alhiel om te riden nei hús ta. No wie Foppe net sa gau ferslein, mar ditte, dit soe wol gekoanstekken wêze. “Dat kostet dy in ryksdaalder”, sei Foppe, mei de bedoeling in stek wêrom te jaan. “Yn oarder”, wie it andert en Klaas smiet Foppe in blinkerke ta.

Klaas gie op in gaadlik plakje by de wâl del mei hynder en reau en dêr stie er foar de slûsdoarren. No wiene Knypster hynders net sa bang foar wetter (faak moasten se yn en út in pream) mei al dy polderwiken. Mar foar in tilbury, dat wie noch nea bard. Oft it hynder de koartste wei foar it each hie, wa sil it sizze, mar it wie it âlde bist allegearre like goed. It gelok wie, dat der troch útsûnderlike drûchte gjin ferskil tusken it wetter fan de polder en de feart wie, mar peil is peil en dêr hold Foppe him oan. Foppe luts sûnder it rinket te brûken, de earste doarren iepen.

Klots, klots, it spul dertroch en doe troch de oare beide, ek iepen en wer ticht. “No sitst fêst hin” gnyske Foppe, “en no moatst dyn kont mar rêde.” Foppe hie de ryksdaalder yn de bûse. “Hjir, noch in ryksdaalder”, rôp Klaas, “en dan draaist de brêge oer it paad nei de Boppeknipe ôf.” Woest dan dwers troch de Knypster feart rinne, healwize bliksem”, sa wie it andert fan Foppe. “Dat sil ik dy mei dyn grut ferstân sjen litte,”sei Klaas, as gie it om in boppeslach!  Sa sein, sa dien. Foppe draaide de brêge en Klaas mei it hynder foar ’t reau nei de oare kant, dêr’t behelpsume hannen klear stiene om it spul wer op de fêste wâl te hisen. Mar, wêr’t Klaas net sa gau by stilstien hie, wie dat er dêr ek mei de barten te krijen hie en troch in gat yn de hage efterdel by ’t Wâld nei hús ta moast. Mar hy kaam teplak op syn pleats. It hie wol twa ryksdaalders kostte, mar Klaas koe it lêste laitsje, want Foppe-Tsjitske yn har winkelsje, dy’t de tilbury dwers troch de feart riden seach, liet fan skrik in krûk mei djoer guod falle… Letter, yn ’e herberge fan Jouke Bakker hat Klaas doe noch mar ris goed traktearre om ’e frede te bewarjen. Sûnt dy tiid hat Klaas altiten de bynamme holden fan Malle Thomas. Noch lang hat it in ûnderwerp west fan de doarpspetearen. Begryplik. As Klaas it al fan Bacchus meikrige hie, dan koe er yn de feart moai ôfkuolje.

De Hepkemakrante makke in hiel oar ferhaal fan de frjemde skutterij.

In De Knijpe heeft een ongeval met een tilbury, waarvoor een paard gespannen was plaatsgevonden. Door onbekende oorzaak raakte dit met de bestuurder K.H. bij de wal neer in de sluis. Door het kordate optreden van de sluiswachter, F.H. die direkt de sluisdeuren open trok en een brug open draaide, kreeg de eveneens kordate bestuurder de gelegenheid om het trouwens zeer makke paard onder kontrole te krijgen en wist tot zeer grote opluchting veilig de overkant van de Compagnonse vaart te bereiken, waar vele behulpzame handen bestuurder zowel als paard en tilbury weer spoedig op het droge hadden.

Ja, dy kranten meitsje der bytiden wat fan.

Dit ferhaal komt út de Lapekoer fan Douwe Miedema en hat yn de LC stien. Yn boppesteande foarm is it neiferteld troch Jangerben.
septimber 7, 2019 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.