Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou

septimber 19, 2019 08:53

Jack Bottleneck en Stone Crobs haadakts.

As ûnderdiel fan de nije Liet-organisaasje begjint yn oktober in nije ûnderdiel: Satelliet. Yn twa spesjale húskeamertours troch Aldebiltsyl en Grou binne yn trije húskeamers jong fris/Frysk talint te hearren. Dichters fan kollektyf Rixt trede ek yn ien fan de húskeamers op. De fergeze rûte wurdt ôfsletten mei in gruttere akt.

De húskeamertours binne op 4 en 11 oktober. Op beide freedtejûnen kinne maksimaal 100-120 persoanen oanslute. De tours binne fergees, oan ’e ein fan de jûn wurdt de besikers om in eigen bydrage frege. Yn Aldebiltsyl is in bûnt selskip oan âld-Lietwinners te sjen, de winners fan 2012, 2015 en 2018 trede op. Yn Grou treedt jong talint op yn bysûndere lokaasjes, ûnder oaren in túnmeubelsaak, in B&B en in âld tsjerkje. Foar beide rûtes is it sammeljen tusken 19:30 en 20:00. Yn Aldebiltsyl (4 oktober) is it plak dêrfoar it Graauwe Paard, haadakt de Stone Crobs treedt dêr fan 22:30 oere ôf op. Yn Grou begjint de rûte by túnmeubelsaak Werpsterhoeke. En wurdt der by Grandcafé Treemter einige. Haadakt Jack Bottleneck treedt dêr fan 22:30 oere ôf op.

Freed 4 oktober
Haadakt Stone Crobs (winner Liet 2018) yn it Graauwe Paard yn Aldebiltsyl.

Yn de húskeamers:
 Aerden Plaats: de twa froulike dichters Janneke Spoelstra (Alde Leie) en Carla van der Zwaag (It Hearrenfean) fan dichterskollektyf Rixt;
 Neeltjes schuur: Yildau (winner Liet 2012);
 Tsjerkje by Simone: Marit en Pa (Marit is winner van Liet 2015).

Freed 11 oktober
Haadakt Jack Bottleneck yn Grandcafé Treemter yn Grou.

Yn de húskeamers:
 Sintrum Grou: Leonard Ford;
 Túnmeubelsaak de Werpsterhoeke: Chris Egberts;
 Bed&Breakfast: de dichters Edwin de Groot en Dirk Geerdink fan dichterskollektyf Rixt.

septimber 19, 2019 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.