Lanlik ynvestearringsfûns jout Fryslân kânsen

septimber 19, 2019 09:42

De provinsje reagearret posityf op de Troanrede en de Miljoenenota. Dy biede in soad oanknopingspunten. It regear set yn op plannen dy’t de leefberens fan it plattelân fersterkje en ekonomyske kânsen benutte. Der komt in ynvestearringsfûns foar kennis, ynfrastruktuer en ynnovaasje dat de ekonomy fersterkje moat. Fryslân sjocht dêr kânsen foar it ferbetterjen fan de berikberens, mei in rappere spoarferbining mei de Rânestêd.

It libben wurdt bepaald troch folle mear as allinne statistyske sifers, sa spruts ek de Kening yn de Troanrede. Deputearre Sander de Rouwe: “Dit strykt mei ús bestjoersakkoart mei brede wolfeart as tema. In wei dy’t wy yn oparbeidzjen mei it Ryk graach gean wolle. It ynvestearringsfûns biedt kânsen foar in takomstbestindige ekonomy, in sirkulêre ekonomy. Set de sterke sektoaren yn de regio sintraal, foar Fryslân: molke en wetter. Dêr binne wy sterk en unyk yn.”

“Schone lucht en nieuwe vormen van energie kunnen hand in hand gaan met duurzame landbouw, schone mobiliteit en kansen voor een innovatief bedrijfsleven,“ stelde de Kening yn de Troanrede. Allegearre punten dêr’t Fryslân paadsljochter yn wêze wol.

Us enerzjyfoarsjenning freget ek om in transysje dy’t de takomst treast is. It klimaatakkoart dat dêrfoar makke wurdt, jout dêr rjochting oan. Helber, betelber en útfierber binne kritearia dy’t de mienskiplike provinsjes fan belang fine. De rekken foar de maatregels moat earlik ferdield wurde, sa klonk yn de Troanrede. Fryslân freget omtinken foar evenredichheid, doelmjittigens en draachflak. De komst fan in waarmtefûns slút goed oan op itjinge dêr’t de provinsje op ynset.

It fersterkjen fan de leefberens fan it plattelân kin allyksa op stipe fan de provinsje rekkenje. Dat past by de plannen yn it bestjoersakkoart om doarpen in sterke posysje te jaan en inisjativen fan ûnderen op te stimulearjen. It kabinet toant dêrmei each foar de regio, de romte en mooglikheden dy’t de regio biedt en Fryslân kin dêryn foar hiel Nederlân fan betsjutting wêze, sa is de provinsje fan betinken.

septimber 19, 2019 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.