Kleurrike start foar Kampus Damwâld

septimber 2, 2019 12:10

Foto: Nanne Nicolai

De bou fan Kampus Damwâld kin los. Wethâlder Gerben Wiersma joech 28 augustus it offisjele startsein. Mei Biense Dijkstra fan Bougroep Dijkstra Draisma en Gert van Tol fan Stichting Kampus Damwâld joech er in kleurryk tintsje oan it bouplak op de Badhúswei yn Damwâld.

De kearnwearden fan Kampus Damwâld binne skjin, tûk en sûn. De wethâlder heakke dêr by de iepening it wurd grutsk oan ta. Der is bewust keazen foar in folslein nije oanbestegingsfoarm wêrtroch’t omwenners en brûkers folle mear ynbring hiene yn it ûntwerp. Troch de ynset fan dy omwenners, doarpsbelangen, brûkers en lokale partijen sil der takom jier in duorsume Kampus stean. “In moaie ympuls foar de leefberheid yn Damwâld”, neffens wethâlder Wiersma.

Color Run
De starthanneling wie foaral bedoeld foar de takomstige brûkers fan de Kampus. De buertsportcoaches fan de gemeente Dantumadiel organisearren in Color Run foar goed fjouwerhûndert bern, in moaie kombinaasje tusken ûnderwiis en sport. Neist de Color Run mochten de bern fan de OBS Dr. J. Botkeskoalle, CBS De Bron en CBS De Fontein piketpealtsjes fervje.

Kampus Damwâld
As it klear is biedt Kampus Damwâld neffens Wiersma net allinnich ûnderdak oan it ûnderwiis fan ROOBOL, PCBO en de sporthal. It biedt benammen mooglikheden foar it mei-inoar ûntwikkeljen fan bygelyks sport- en lear-arranzjeminten en der is romte foar nije dingen lykas talintûntwikkeling foar jong en âld.

Duorsum bouwe
De Kampus wurdt folslein enerzjyneutraal boud. Dat past by de kearnwearden skjin, grien, tûk en sûn. It gebou krijt gjin gasoansluting. De waarmte dy’t nedich is, wurdt wûn lucht-wetter-waarmtepompen en der komme sinnepanelen.

De ferwachting is dat Kampus Damwâld yn augustus 2020 klear is. De werynrjochting fan de Badhúswei is ûnderdiel fan it projekt.

septimber 2, 2019 12:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.