Keunstbeurs Art Noord 3 fan 26 o/m 29 septimber 2019

septimber 11, 2019 07:55

By de tredde edysje fan de keunstbeurs Art Noord jout Museum Belvédère opnij in platfoarm oan keunst út it noarden en mear. De beurs, dy’t fjouwer dagen duorret, wurdt presintearre yn de beide fleugels fan it museum. De fêste kolleksje is dan tydlik net te sjen. Dielnimmers binne galeryen en keunsthannels út it noarden en gast-kolleksjes út Amsterdam, Utert en Alkmaar. Alle útstalde wurken binne te keap.

Foto: Museum Belvédère

Der is in wiidweidich râneprogramma mei in jûnsmiel (fersoarge troch kok en keunstner Leen Kaldenberg), in lêzing oer moderne en hjoeddeiske keunst (troch de Frije Akademy) en in stoomkursus keunst keapjen (troch Oscar van Gelderen en Manuela Klerkx).

Nij dit jier: acht jonge keunstners toane harren wurk by Art Noord. Hja binne selektearre troch in faksjuery. By de beurs krije besikers (de publykssjuery) de gelegenheid om op harren favoryt te stimmen. Beide winners sille op de lêste dei fan Art Noord om 15.00 oere bekendmakke wurde. De priis is in solopresintaasje yn Afslag BLV, de dependânse fan Museum Belvédère yn it sintrum fan It Hearrenfean. De selektearre keunstners binne: Marianne Brouwer, Paul de Jong, Jildau Nijboer, Antonia Rehnen, Robin Speijer, Ymkje Veenstra, Mirjam Vreeswijk en Aafke Ytsma.

Art Noord – fjouwerdeiske keunstbeurs yn Museum Belvédère
Tongersdei o/m snein fan 11.00 oant 17.00 oere, freedtejûn oant 21.00 oere.

Yntree:
Tagong Art Noord: € 15,00;
Museumkaarthâlders: € 3,00.

Fergees tagong: bern o/m 12 jier, studinten (op fertoan fan in studintepas) en Freonen fan Museum Belvédère.

De dielnimmende keunsthannels en galeryen stelle ien wand ta beskikking foar in solopresintaasje fan in keunstner nei kar. Sa binne der op de beurs achttjin miny-útstallings te sjen, neist it fariearre oare oanbod. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de dielnimmers en de keunstners.

Foto: Museum Belvédère

De dielnimmers:
De Kunstdames, Galery De Roos van Tudor (Ljouwert), Galery de Vis (Harns), Galerie Frank Welkenhuysen (Utert), Galery Hoogenbosch (De Gordyk, galery With Tsjalling: (Grins), Keunsthannel en Galery De Vries (Ljouwert), Keunsthannel en Galery Richard ter Borg (Grins), Kunsthandel Guus Maris, Kunsthandel Peter ter Braak (Grins), Kunsthandel Willem Kerseboom, Keunstlokaal №8 (Jobbegea), Kunstruimte Wagemans (Alkmaar), Melklokaal (It Hearrenfean), Prentwerk (Grins), Rueb Modern and Contemporary Art (Amsterdam), Ruimte P60 (Assen) en útjouwerij Philip Elchers (Grins).

Diner Art Noord
Freed 27 septimber 2019, ynrin 17.30 oere, oanfang 18.00 oere.

Leen Kaldenberg (1957) is kok en keunstner. Hy fersoarget in hearlik trijegongemiel mei Art Noord. Leechdrompelich, ienfâldich en puer.

Ynfo en oanmelde.

Lêzing Frije Akademy 
Sneon 28 septimber 2019 fan 11.30 oant 12.30 oere.

Keunsthistoarika Roeline Snel nimt jo yn sneltreinfaasje mei troch de ûntjouwingen op it mêd fan moderne en hjoeddeiske keunst.

Stoomkursus keunst keapjen
Snein 29 septimber 2019 fan 9.30 oant 11.00 oere.

Leuk, sa’n keunstbeurs. Mar wêr moat men eins om tinke as men keunst keapje wol? Hjir it antwurd!

Arranzjemint mei hoteloernachting
Op syk nei in sfearfolle oernachting? Museum Belvédère en it deunby lizzende Golden Tulip Tjaarda Oranjewâld hawwe tegearre in arranzjemint ûntwikkele, mei miel, oernachting en moarnsbrochje ynbegrepen. Mei fergees yntree yn it museum.

Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

septimber 11, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.