Kânsen foar it Frysk yn meartalich ûnderwiis yn Fryslân

septimber 29, 2019 07:21

Taspraak fan dr. Joana Duarte,
lektor Meartaligens en skriftlike taalbehearsking oan de NHL Stenden Hegeskoalle,
by de betinking fan de Slach by Warns op 28-09-2019

foto It Nijs

Tige tank oan Tom Dijkstra en oan de stifting Slach by Warns foar de útnûging om by dizze bysûndere gelegenheid wat te fertellen oer it Frysk yn it ramt fan meartalich ûnderwiis yn Fryslân en oer it wurk fan myn lektoraat op dat mêd. Wolkom allegearre en wilkommen auch an unsere Gäste von anderen Friesischsprechenden Regionen.

Ferline jier waard hjir praat oer de komst fan oarstalige minsken nei Fryslân en wat soks betsjutte soe foar de Fryske taal. Dat de stifting dit jier sels in oarstalige sprekker útnûget, beskôgje ik as in teken fan iepenheid en in bewiis fan it ferlet om it petear dêroer oan te gean.

Ik wol myn taspraak graach basearje op fiif fragen. De earste fraach is:

1) Wat is de situaasje fan it Frysk yn Fryslân?

Neffens de Fryske Taalatlas 2015 fan de provinsje Fryslân hat mear as de helte fan de Fryske befolking it Frysk as memmetaal. Hast 94% fan alle ynwenners fan Fryslân kin de Fryske taal frij aardich oant tige goed ferstean. By twa feardichheden is signifikante groei te sjen yn ferliking mei de útkomsten fan 2011: lêzen en skriuwen. Ik bin fansels tige benijd nei de Fryske Taalatlas 2019.

Dit jier hat de Taalunie ûndersyk dien nei de posysje fan it Nederlânsk en it Frysk yn de mienskip. De wichtichste útkomst is dat der hieltyd minder minsken binne dy’t inkeld Nederlânsk prate en dat der mear Frysk brûkt wurdt yn de provinsje yn ferliking mei de útkomsten fan itselde ûndersyk fan 2016.

Yn ferliking mei oare Europeeske talen yn ofisjeel twatalige regio’s stiet it Frysk der goed foar: mar 19% fan de ynwenners fan Wales praat it Welsh en 31% fan de ynwenners fan it Baskelân hat it Baskysk as memmetaal. Wat it ferskil mei it Frysk is, is dat by dy twa talen de groei fan it tal sprekkers yn de ôfrûne tritich jier grutter west hat as by it Frysk. Soks hat fansels mei it ûnderwiis te krijen, mar dat sil net de iennige reden wêze.

Gearfetsjend soe ik oer de situaasje fan it Frysk yn Fryslân sizze wolle: it koe minder, mar it kin ek better. Om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen is it ûnderwiis yndie tige wichtich, mar lykas ik niiskrekt al sei net de oplossing foar alles.

Ik kom by myn twadde fraach.

2) Wat binne aktuele feroarings yn de demografy fan Fryslân?

Regionale minderheidstalen en streektalen hiene eartiids minder kontakt mei migrantetalen as de dominante lânstalen. Mar dat feroaret fluch. Net allinnich yn Fryslân, mar yn hiel Europa. Yn de ôfrûne tsien jier is de befolking fan Fryslân mear groeid troch allochtoane as troch autochtoane bewenners. Ien en oar resultearret yn in komplekse taalekology yn ús provinsje: Frysk, Nederlânsk, streektalen, Ingelsk as frjemde taal, oare frjemde talen (Dútsk, Frânsk, Sineesk, ensfh.) en in ferskaat oan migrantetalen (Arabysk, Tigrinya, Poalsk, ensfh.).

Minsken mei in migraasje-eftergrûn yn de provinsje meitsje al 12% fan de befolking út. Yn Ljouwert hat sels 19% fan de befolking in migraasje-eftergrûn (lanlik leit it persintaazje op 22%). Neffens it FSP is dit de demografyske trend fan de takomst. Yn myn ynternasjonale projekten wurkje ik in soad gear mei oare regio’s yn Europa, dy’t in soartgelikense taalsituaasje kenne. Yn dy gebieten binne ûndersikers en beliedsmakkers ek dwaande mei it finen fan nije oplossings foar dit groeiend ferskaat.

Fryske skoallen jouwe faak spesjaal omtinken oan easken oangeande nasjonale en frjemde talen yn it kurrikulum, mar wurde no ek hieltyd faker konfrontearre mei de needsaak om te foarsjen yn in oare oanpak foar alle talen yn it ûnderwiis.

Dêr binne twa mooglike reaksjes op te jaan:

  • De migrantetalen as in bedriging sjen foar de autochtoane minderheidstalen en dyselde migrantetalen dus mar negearje;
  • Nije benaderings ûntwikkelje om mei de nije meartalige situaasje better omgean te kinnen. Dyselde benaderings binne faak basearre op ynklusiviteit: it giet dêrby om it erkennen fan alle yn de klasse oanwêzige talen.

Nei oanlieding dêrfan formulearje ik myn tredde en sintrale fraach:

3) Wat binne kânsen foar it Frysk yn it ramt fan meartalich ûnderwiis yn Fryslân?

Sûnt 1980 noch mar is it Frysk in ferplichte fak op de basisskoalle en sûnt 1993 yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, wat yn de praktyk betsjut dat it Frysk allinne yn de earste klasse as ferplichte fak op it roaster stiet. In hiel tal middelbere skoallen biede it fak dêrnei wol oan as karfak en as eksamenfak.

Sûnt 1997 binne der trijetalige skoallen mei it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk as ynstruksjetalen. Tsjintwurdich is 18% fan alle basisskoallen yn Fryslân trijetalich. Dy skoallen hantearje in tal basisprinsipes: de talen wurde ek brûkt as ynstruksjetaal by de saakfakken; der is in ferdieling fan talen yn it kurrikulum; en der is sprake fan in strikte skieding tusken de talen.

Dat model is basearre op in eftergrûnidee: de saneamde time-on-task hypoteze. Hoe mear jo earne mei oefenje, hoe better jo der yn wurde. Logysk. As it om it learen fan talen giet, spylje der lykwols ek oare aspekten mei.

It feit dat learlingen op trijetalige skoallen better prestearje yn it Frysk en it Ingelsk, en it yn it Nederlânsk net minder dogge yn ferliking mei oare skoallen, bewiist al dat it súksesfol oanlearen fan talen net allinnich gearhinget mei de tiid dy’t ynvestearre wurdt yn elk fan dy talen. Oars soene dy learlingen yn it Nederlânsk ommers folle minder prestearre hawwe, omdat se folle minder ynstruksjetiid yn dy taal krigen.

Hoe’t it dan kin dat de learlingen op de trijetalige skoallen dochs net minder skoare as it om it Nederlânsk giet? By it ûntwikkeljen fan har taalfeardichheden yn it Nederlânsk meitsje se gebrûk fan har taalfeardichheden fan it Frysk en it Ingelsk en oarsom; it is in wikselwurking. Dat hjit yn de literatuer dêroer “transfer”. Learlingen op trijetalige skoallen dogge dat sels al, alhoewol’t “transfer” net as prinsipe yn it trijetalige model beskreaun is. Neffens de Kanadeeske psycholinguïst Jim Cummins kinne learlingen it bêste talen leare yn modellen dy’t de transfer tusken talen eksplisyt meitsje, ynstee fan de talen faninoar te skieden. Dat wurket lykwols allinne as by alle talen in selde nivo fan “literacy”, fan skriftlike taalbehearsking, neistribbe wurdt.

Ut ynternasjonaal ûndersyk docht bliken dat in positive attitude oangeande de taal yn kwestje in rânebetingst is foar it goed learen fan dyselde taal. Ut ûndersyk nei taalattitudes fan ynwenners yn Fryslân waard yndie in ferbân fûn tusken in positive attitude foar it Frysk oer en it faker brûken fan it Frysk. Ut itselde ûndersyk die bliken dat nijkommers – oarstaligen – oer it generaal net sa’n positive taalattitude hiene as it om it Frysk gie. De les dy’t wy dêrút leare moatte, is dat it fan it grutste belang is om eksplisyt oan de taalattitudes fan learlingen te wurkjen, sadat alle bern posityf binne oer it Frysk en de taal sadwaande ek brûke wolle.

Gearfetsjend: der is ferlet fan in aktualisaasje fan it besteande trijetalige model:

  • Sadat der mear romte ûntstiet foar aktiviteiten dy’t rjochte binne op it ûntwikkeljen fan positive attitudes foar it Frysk oer
  • De skriftlike taalbehearsking in sintralere rol krijt
  • Transfer tusken talen mooglik makke wurdt troch minder taalskieding
  • De talen fan nijkommers yn it ûnderwiis ek erkend wurde.

Sa kom ik by myn fjirde fraach:

4) Hokker nije ûntwikkelings soargje foar positive attitudes, transfer tusken talen en in werkenning fan migrantetalen yn it ûnderwiis?

Fryslân is fansels it natuerlik laboratoarium om soks te ûntwikkeljen, omdat der yn de provinsje al in bewustwêzen is, as it giet om de wearde fan memmetalen yn it ûnderwiis. En dochs, doe’t ik hjir begûn mei skoallen gear te wurkjen yn projekten, die bliken dat in soad skoallen de memmetalen fan de migrantebern ferbeaen. De skoallen wisten lykwols sels ek wol dat dy wize fan omgean mei de talen net goed foar de bern wie. In learkrêft út ien fan myn projekten sei dêr letter it folgjende oer:

“By eintsjebeslút skammen wy ús in bytsje foar ús hâlding, omdat it ommers har taal is (de taal fan migrantebern), har wize fan kommunisearjen en har iennige wize fan kommunisearjen. As wy it ferbiede, hoe kinne se dan mei ús kommunisearje? Hoe kinne se uterje hoe’t se har fiele, wat deryn har om giet? Dat, foar ús wie it wichtich om har merke te litten: jim binne hjir wolkom, hokker taal jim ek prate; en foar ús is it ek lestich om jim taal te learen.”

Ek oare skoallen yn de provinsje sochten nei oare wizen om talen oan te bieden. Mei dizze, yntusken mear as tritich skoallen hawwe wy fragen formulearre om ús yntervinsjes better oanslute te litten op de situaasje op de skoallen. Ik sil twa foarbylden jaan fan sokke fragen fan learkrêften:

“Hoe kinne wy oare talen yntegrearje yn ús trijetalige konsept sûnder dy oare talen te behearskjen? ​(De Flambou, Easterbierrum)​

“Hoe kinne wy garandearje dat minderheids- en migrantetalen in lykweardige posysje hawwe op ús skoalle?” (Twa Fjilden, De Jouwer)​

Op it stuit rint der in tal projekten op it mêd fan meartaligens, wêrby’t sokke fragen oan ’e oarder komme. Dy binne rjochte op de ûntwikkeling en ymplemintaasje fan in holistyske, dus ynklusive en yntegrearre oanpak foar brede meartaligens yn it basis- en it fuortset ûnderwiis. Soks betsjut dat alle (thús)talen dy’t op de skoallen oanwêzich binne, by de ûntwikkele aktiviteiten belutsen wurde. It giet dêrby net allinnich om taalbehearsking yn in bepaalde taal, mar ek om in kontinuüm fan meartaligens dat rint fan de wurdearring fan de taal yn kwestje oant it gebrûk as fiertaal.

It Frysk wurdt faak brûkt as ynstruksjetaal by it fak Frysk, as ynstruksjetaal by oare fakken (bgl. skiednis) en de taal is op in natuerlike wize yntegreare yn alle aktiviteiten foar fergeliking en taalbewustwêzen. It Frysk wurdt boppedat ek faak brûkt as twadde of tredde taal by skriftlike opdrachten. Njonken it fak Frysk op elke skoalle binne der no allegearre oare aktiviteiten dêr’t it Frysk in rol by spilet.

De fraach is no: wat betsjut sa’n benadering foar it Frysk? En foar de taalattitudes fan learlingen en learkrêften?

Ik sil wat yndrukken fan ús dosinten mei jim diele:

“De gearhing tusken de talen is dúdliker; se binne ynteressearre, se hawwe in soad leard. Se hawwe ek it effekt fan lienwurden better yn ’e gaten.” (dosint CSG Liudger MVO Burgum)

“Myn learlingen hawwe mear respekt krigen foar minsken dy’t Frysk prate. Se sjogge better yn wêrom’t minsken kieze om in taal of in dialekt te praten en yn hokfoar situaasjes se dat dogge. (dosint Piter Jelles Ljouwerter Lyseum)

“Njonken de oare talen is it Frysk fanselssprekkend wurden” (dosint Piter Jelles ISK).

Oant safier is ús oanpak dus posityf troch de dosinten ûntfongen. Mar wat sizze de learlingen? Wy hawwe mear as fjirtich learlingen op ús projektskoallen wiidweidich ynterviewd om har miening oer de ferskillende talen yn kaart bringe te kinnen.

In learling út groep 7 op in trijetalige skoalle seit:
“Frysk is de taal fan myn hert. Ik fiel en tink yn it Frysk.”

Wy fine lykwols krekt itselde foar oare talen. Nei oanlieding fan in taalportret, in soarte fan kleurplaat, wêrby’t learlingen yn in sylhûet fan in popke ferskillende talen in kleur jaan kinne, seit in learling fan in AZC-skoalle it folgjende:

Y: Wêrom is Arabysk read en yn dyn hert?
L: Read is de kleur fan it hert. Ik haw alve jier yn it Arabysk libbe. It is myn taal.

Oare migrantebern op ús projektskoallen hawwe eksplisyt oanjûn dat se it Frysk leare wolle. Hjir in jonkje út groep 7 fan in skoalle op in AZC:

Y: Do seist datst al Frysk ferstean kinst, en datst no learst om Frysk te praten. Wêrom wolst Frysk leare?
L: Omdat ik no yn Fryslân wenje. As ik nei fuotbaltraining gean bygelyks, en se prate allegearre Frysk, dan fiel ik my der net goed by as ik it net begryp. Ik wol ek Frysk leare omdat ik dan Frysk prate kin mei myn freonen en mei myn teamgenoaten by fuotbal. Hoe mear ik lear fan de taal, hoe better it foar my is.

Ik kom no by myn gearfetting.

5) Gearfetting en boadskip

Wat it Frysk yn it ûnderwiis oanbelanget kom ik ta trije konklúzjes:

  • De nijkommers – oarstaligen – foarmje op harsels gjin bedriging foar it Frysk en kinne mei in ynklusive benadering oangeande meartaligens yn it ûnderwiis al gau positive attitudes foar it Frysk oer ûntwikkelje;
  • Mei sa’n benadering krijt it Frysk njonken oare talen in fanselssprekkend plak, en úteinlik ek in gruttere rol yn it ûnderwiis;
  • Dizze benadering befoarderet lykwols noch net in hegere mjitte fan taalfeardigens yn it Frysk wat it skriftlik taalgebrûk oanbelanget.

Sadwaande is der ferlet fan better lês- en skriuwûnderwiis foar it Frysk – literacy skills dus – om de transfer tusken de talen mooglik te meitsjen en it Frysk úteinlik ek as boarne foar (it learen fan) oare talen brûke te kinnen. Los dêrfan is in goede behearsking fan de memmetaal foar taalûntjouwing op himsels altyd weardefol. Dat jildt foar it Frysk en dat jildt likegoed foar alle oare memmetalen dy’t bern hawwe kinne. Soks betsjut yn de praktyk:

  • Dat der mear Frysktalich materiaal foar de saakfakken komme moat;
  • Dat it fak Frysk net allinne yn de earste klasse, mar yn de hiele ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis ûnderwiisd wurde moatte soe en dat it dêrneist ek as fiertaal by de saakfakken fungearje kinne moat, bygelyks by skiednis of by ierdrykskunde.

Op it stuit is der al in wurkgroep, besteande út fertsjintwurdigers fan alle by it Frysk yn it ûnderwiis belutsen organisaasjes, dwaande mei it realisearjen fan sokke ambysjes.

Allinne ûnderwiis is lykwols net genôch. Learlingen moatte der ferlet fan hawwe om it Frysk behearskje te wollen, sawol mûnling as skriftlik. It soe dêrby helpe as de behearsking fan it Frysk ek faker as beropseask steld wurde soe. Dêrneist is it wichtich dat it Frysk yn it publike domein sichtberder wurdt, sadat learlingen sjogge dat de taal in lykweardich plak ynnimt neist it Nederlânsk en oare talen.

Ik wol graach mei myn fyfde fraach beslute:

Yn hoefier wurdt in meartalich perspektyf yn it ûnderwiis yn de ûnderwiispraktyk as in bedriging foar it Frysk ûnderfûn?
Op dy fraach sil Rianne Blokzijl, dosint Frysk op it Ljouwerter Lyseum, yn har bydrage aanst nei it skoft djipper yngean.

septimber 29, 2019 07:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.