‘Joker’ wint Gouden Liuw yn Feneesje

septimber 8, 2019 08:54

De film Joker fan regisseur Todd Philips hat sneontejûn de Gouden Liuw wûn, de wichtichste priis fan it filmfestival fan Feneesje.

Foto: morguefile.com

Joaquin Phoenix spilet yn Joker de rol fan Arthur Fleck, in iensume clown út Gotham dy’t letter útgroeie sil ta aartsfijân fan Batman. De film krige yn Feneesje loovjende resinsjes fan it grutste part fan de parse, mar der wie ek krityk. Joker soe neffens guon as ynspiraasjeboarne tsjinje kinne foar seksueel frustrearre types.

Grutte Sjuerypriis
De Grutte Sjuerypriis gie nei J’accuse fan Roman Polanski. Oan it begjin fan it festival sei sjueryfoarsitter Lucrecia Martel noch dat se de seleksje fan J’accuse ‘tige ûngemaklik’ fûn, fanwege Polanski’s ferline. Hja wie dêrom net by de galapremjêre. Polanski sels wie net oanwêzich by de priisútrikking. Syn frou Emmanuelle Seigner, dy’t in byrol spilet yn J’accuse, naam de priis yn ûntfangst.

septimber 8, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.