Jan Willem Zwart: As blêden op ’e grûn

septimber 21, 2019 20:00

Kollum

Foto © Ynte Koster

De dagen wurde koarter, de tún kleuret read en giel. De blêden dwarrelje foarsichtich op de grûn. It is hjerst. Yn it park sit in steltsje foar harren út te sjen. De grutte beam efter it steltsje lit hiel sêft de reade en giele blêdsjes falle. It is stil en it steltsje seit neat. Dit is in byld dat wy sa faak tsjinkomme en dêr’t wy sa ús eigen tinzen by hawwe kinne. Wy kleurje de situaasje yn, om samar te sizzen. Soe der wat wêze? Is der wat mei harren relaasje? Is der wat mei de bern? Is der sykte of wat oars?

It binne tinzen dy’t de blêden op ’e grûn oproppe kinne. Blêden op ’e grûn kinne ús ek bringe by de fergonklikheid fan it libben, fan de natuer. It is in besinningsmomint yn de oergong nei de winter ta.

It wat poëtyske byld fan it steltsje en it tinken dêroer wurdt alle dagen fersteurd troch it nijs fan de fergonklikheid fan de wrâld. De noardpoal dy’t aloan mear teit, it wetter dat aloan heger wurdt, it klimaat dat oe sa oan feroaringen bleat leit, it gedonder mei stikstof, fersmoarging of oare natuerferneatigjende ûnderwerpen. Of de koartingen op de pensjoenen dy’t grutte gefolgen hawwe foar de âlderein. Tinzen dy’t krekt as it fallende blêd oproppen wurde kinne. Underwerpen as dizze roppe sa’n protte fragen op, mar kinne ús ek yn mineur bringe. Dan is de hjerst ynienen net mear in betizingsmomint, mar begjinne de koarte dagen mei it minne waar. Men soe it biologysk oanpakke kinne. Ommers, de hjerst is it momint fan plant en beam om de rêst yn te gean en harrensels goed yn te stopjen om fan ’e maitiid wer fris en sûn wekker te wurden. Men soe dy metafoar brûke kinne om de ûnderwerpen dy’t wy aldendei tsjinkomme efkes út ’e wei te gean en earst yn de maitiid wer oan oare dingen te tinken. Dochs wurket it net sa. Wy sille ús problemen ûnder eagen sjen moatte. Oangean moatte en ús eigen oplossingen betinke moatte. Wy kinne net mear wachtsje oant de maitiid! De fraach is wol, hoe? Hoe kinne wy as yndividuele boarger betsjutting hawwe en jaan oan sokke grutte saken dy’t oe sa wichtig binne foar de takomst fan ús bern?

De reade en giele blêden falle foarsichtich del. It is fol mei kleur yn it park, ik rin mar troch…

septimber 21, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.