It ûntbleate langstme (gedicht)

septimber 14, 2019 09:30 Fernijd

It ûntbleate langstme

Foto: pixabay.com

Justjes kipet it
moanneskyn op dyn
bleate fel sa wiet,
wylst de weagen tear
slikje oan dyn fuotten.
It ûntbleate langstme,
in broazel ferset fergiet.
In gleone fonk skuort
my troch de skurte.

Diz’ lange nacht hâld
ik koart de azem yn,
by it gnuven nei dyn
sêfte kontoeren.
Bestive stean ik op it strân
en net foar mysels yn,
dêr’t de sekonden stadichoan
feroarje yn oeren.

Dyn hûd smakket sâlt,
dyn boarne oe sa swiet,
as wy ûnder de stjerren
nei it hichtepunt rikke,
mingd myn kâld swit,
mei dyn waarm wiet,
as de ivige weagen
foldien it strân berikke.

Sander, Oerterp

septimber 14, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.