It Fryske Gea wol it fean rêde!

septimber 6, 2019 07:55

It Bûtefljild (foto Dico de Klein)

Lykas bekend stiet it Fryske feangreidegebiet ûnder grutte druk. As it sa trochgiet is binnen fyftich jier sa’n bytsje alle fean yn Fryslân ferdwûn troch ûntwettering en oksidaasje, mei alle negative gefolgen dy’t dêrmei anneks binne. Dêrby moat tocht wurde oan bygelyks oantaasting fan natuerwearden, fersâltsjen fan de boaiem, klimaatferoaring, oantaasting fan peallen fan huzebou. In wier doemsenario.

It Fryske Gea (IFG) nimt no it inisjatyf om dy negative trend te kearen mei as eftergrûn dat it in grut tal feangebieten ûnder syn behear hat, lykas De Alde Feanen, De Feanhoop, Bûtefjild, it Easterskar en de Grutte Wielen. Dêrta hat it in strategysk plan opsteld ûnder de namme Stean foar it Fean. Dat waard presintearre op in gearkomste dy’t holden waard yn hotel-restaurant De Alde Skou by Akkrum, hiel tapaslik midden yn it feangreidegebiet.

Henk de Vries en Peter de Ruyter (foto Wendy Thomassen)

Sa’n fyftich belutsenen en belangstellenden, fan politisy oant boeren, wiene dêr gearkommen om te harkjen nei de fyzje fan It Fryske Gea op dat probleem. Presintaasjes waarden jûn troch Peter de Ruyter (lânskipsarsjitekt en skriuwer fan it rapport) en Henk de Vries (direkteur fan IFG).
Peter de Ruyter fertelde dat troch it ferdwinen fan it fean de boaiem jierliks 1-2 sm sakket. Dêr kin de oangroei fan 1-2 mm yn dyselde tiid net heal tsjin op. Hy ûnderskate in doemsenario (as we neat dogge) en in dreamsenario (as we de nedige maatregels nimme, lykas omskreaun yn it strategysk plan). It dreamsenario hâldt yn dat der yn it jier 2100 noch altiten in grut areaal (>100.000 ha) fean yn Fryslân is mei de skaaimerken fan eartiids, dêr’t feanplanten en -bisten en minsken harren noch altiten thús yn fiele.

Wat binne de maatregels om it fean te rêden? It wichtichste is dat yn de natuergebieten lykas de Alde Feanen en it Easterskar de noch besteande ‘memme-moerassen’ bewarre bliuwe. It wetterpeil yn dy gebieten moat sa heech mooglik bliuwe. Minsklike ynfloed wurdt safolle mooglik beheind. Om dy memme-moerassen ûntstiet in skyl fan in pear kilometer breed dêr’t ynrjochting en behear folslein yn rjochte wurde op it tefoarenkommen fan negative effekten op de memme-moerassen. It wetterpeil moat stabyl bliuwe om de feanfoarming op gong te hâlden en it fersakjen fan de boaiem ophâlde te litten. Dêr kin buorke wurde mei lichte masinen dy’t oanpast binne oan wiete, sêfte boaiems, mei it hâlden fan spesjale lichtere feerassen en mei wiete tylt fan bygelyks tuorrebout en cranberry.

It Easterskar (foto Dico de Klein)

Henk de Vries sketste in tal spearpunten as ûnderdiel fan dit plan: gearwurkje mei oare partijen en belanghawwenden (bygelyks boeren, buorlju, wetterskip, wittenskip, ûnderwiis, provinsje), koers útsette foar behâld memme-moerassen, romte biede oan ûndersyk en it dielen fan kennis.

In stikmannich sprekkers reagearren yn grutte halen posityf op it plan, lykas deputearre Hoogland, Wetterskip Fryslân en buorlju. Mar wichtich is dat benammen boeren ek belutsen wurde by de plannen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

Foto thússide: De Alde Feanen (Dico de Klein)
septimber 6, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.