It Fryske Gea stiet foar it fean

septimber 4, 2019 15:43

Hjoed presintearret It Fryske Gea syn fyzje oer de feangreideproblematyk. Der is al in protte redendield oer it ynklinken fan de feanboaiems en de swierrichheden dy’t dêrmei anneks binne – sjoch It Nijs dossier Feangreide – mar in oplossing is net maklik, mei it each op de ekonomyske konsekwinsjes. Want de oarsaak is de lege wetterstân dy’t ta feanôfbraak laat, mar dy’t nedich is om de feangreiden goed te bebuorkjen. Oant no ta wurdt dêrom benammen noch tocht oan metoaden om de feandegradaasje ôf te remjen, mar dat smyt net mear as útstel mei in pear desenniums op fan it alhiel ferdwinen fan it feangreidegea, dat no foarsein wurdt foar de ein fan dizze iuw. It Fryske Gea hat in folslein oar senario foar eagen en winsket hûnderttûzen bunder fean yn Fryslân yn 2100. Stean foar it fean hjit it fyzjedokumint mei dat ‘dreamsenario’ dan ek, dat fan ‘e middei presintearre wurdt.

It is begryplik dat de natuerorganisaasje oer de grinzen fan de eigen gebieten hinne sjocht. Want it wetter wurdt út de natuergebieten wei sûge troch de boaiemdelgong yn it oanswettende agraryske lân. Wetter streamt ommers fan heech nei leech. Fangefolgen ferwilet de natuer en dat sil mank gean mei in ôfgryslike tebekgong yn it ferskaat oan soarten.

Lânskip yn de Alde Feanen. © It Nijs

It Fryske Gea siket de oplossing yn grutte ‘memmemoerassen’, lykas de Alde Feanen en it Easterskar, mei minimale minsklike ynfloed en Europeesk besjoen seldsume lânskippen lykas feanmoasreidlannen, feanheide, libbene heechfeanen en heechfeanbosken mei byhearrende soarten. Dêromhinne moat in brede skyl komme fan geaen dêr’t ynrjochting en behear fan folslein rjochte binne op it tefoaren kommen fan negative effekten yn de sompen. Dat kin ek wer natuer wurde, mar oanpaste lânbou is likegoed mooglik.  Dêr moat dan buorke wurde mei lichte masinen, feerassen dy’t harren rêde kinne op sloppe boaiems en wiete tylten lykas feanmoas, tuorrebout en cranberry. Yn stee fan dat it fean ferwurdt, is der sadwaande just wer oanwaaks fan fean te bewurkmasterjen.

Foar dy wiete takomstdream siket It Fryske Gea gearwurking mei ûnderwiis, wittenskip, provinsje, wetterskip, boeren en boargers.

septimber 4, 2019 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.