ING-graaiers

septimber 18, 2019 08:22

Ynstjoerd

De âlderen ûnder ús kenne noch wol de Postbank, dy’t bekend stie as in betroubere mar ek wat saaie bank. It wie in echte folksbank sûnder megalomane salarissen foar de top en mei in earlike sparrinte foar de klant. Mar yn syn stribjen om amtlike tsjinsten te privatisearjen waard de Postbank troch de steat ferkoft oan ING, ien fan de grutbanken dêr’t alles draait om winstmaksimalisaasje. Foar dat doel mijt ING gjin middel, oan it wytwaskjen fan krimineel jild ta.

Doe kaam ING lykwols himsels tsjin. De oars sa sleauwe Nederlânske oerheid as it giet om it oanpakken fan it grutkaptaal, woe ING in swiere boete oplizze. Uteinlik waard de boete skikt foar in bedrach fan 775 miljoen euro. Tagelyk sakke de rintestân nei hast 0%.

ING moast dêrom oare manieren fine om jild te fertsjinjen op sparjild, oars koene de riante salarissen en bonussen foar de ING-top net langer betelle wurde. CEO Ralph Hamers stelde doe út om in negative rinte yn te stellen op sparrekkens, sadat de klanten jild tajaan moasten op sparjild. Hy tocht dat de ienfâldige sparder syn rekken net gau opsizze soe, omdat de oergong nei in sosjalere bank as Triodos of ASN te folle rompslomp jout. Mar no hie ING it IQ fan syn eigen klanten ûnderskat. De sosjale media ûntploften hast fan de protesten op it idee fan negative rinte. Klanten drigen massaal harren rekken op te sizzen en ING seach hookstrooks ôf fan syn plan.

Earder al hie de toplju fan ING de reaksjes fan it grutte publyk folslein ferkeard taksearre, doe’t se it salaris fan Hamers ferdûbelje woene om meidwaan te kinnen mei de grutte jonges. It liket soms wol dat bankiers op in oare planeet libje, se snappe net dat it publyk harren ynklauwerich hâlden en dragen net langer akseptearret.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

septimber 18, 2019 08:22
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric septimber 20, 09:39

    Goed stik. Regearjende politike partijen doare har hjir net oan te brânen, ek net op provinsjaal nivo.

  2. RobMokum septimber 20, 10:12

    Eric, dat komt omdat de Nederlanske polityk der ek net folle oer te sizzen hat. Gjin ien wol tink ik de bonussen/salaarissen goedprate fan de top fan de bank, mar de lege rente hawwe we te tankjen oan de ESB. Dy hâldt de rente leeg sadat yn de ekonomy ynfestearre wurdt. Mar foar ús pensioen en de spaarders is it min. Sa as ús heit sizze soe: “It komt allegear troch de euro.” En yn dit gefal is dat noch wier ek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.