In Fryslân DOK oer Joop ter Heul

septimber 24, 2019 08:25

‘Jopopinoloukico’ – it binne de earste letters fan de nammen fan Joop ter Heul en har seis freondinnen. Se diele lok en leed en hawwe lak oan skoalle. Cissy van Marxveldt skreau De H.B.S.-tijd van Joop ter Heul yn 1919. Sûnt dy tiid is it stikken lêzen troch generaasjes puberfamkes. Allegearre woene se Joops freondinne wêze. Wêrom wie dat, en is dat noch sa? By gelegenheid fan Joops hûndertste jierdei makke Karen Bies in dokumintêre.

Foto: Omrop Fryslân

Setske de Haan (1889-1948) kaam út Oranjewâld. As Cissy van Marxveldt waard se mei ‘Joop ter Heul’ en ”n Zomerzotheid’ de populêrste skriuwster fan famkesboeken fan de 20e iuw. Se ynspirearre oaren, bygelyks Anne Frank, dy’t sels ek skriuwster wurde woe. “Cissy van Marxveldt schrijft knal”, skreau Anne yn har deiboek. Sylvia Witteman neamt Cissy van Marxveldt “de koningin van de meisjesboeken, met als kers op de taart Joop ter Heul.”

Yn de Fryslân DOK ‘De Jopopinoloukicoclub’ dogge lêzeressen harren ferhaal. Sjoernaliste Inki de Jonge en muzikante Marjan Feith ûntdutsen harren mienskiplike leafde foar de boeken fan Cissy van Marxveldt. Foar de Fryske skriuwster Jetske Bilker wie Van Marxveldt har grutte foarbyld. Fierder komme biografe Monica Soeting en sjoernaliste Ciska Dresselhuys oan it wurd. En op it Drachtster Lyceum, dat dit jier lykas Joop ter Heul hûndert jier bestiet, lêze learlingen De H.B.S.-tijd van Joop ter Heul.

De Jopopinoloukicoclub
‘De Jopopinoloukicoclub’ is op snein 6 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 5 oktober om 15.30 oere en snein 6 oktober om 13.00 oere op NPO2 mei Nederlânske ûndertiteling.

septimber 24, 2019 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.