Henny en Xander Vrienten nije húsband DWDD

septimber 3, 2019 11:14

Henny en Xander Vrienten foarmje tegearre de húsband fan it fyftjinde seizoen fan De Wereld Draait Door. Heit en soan spylje alle lêste freeds fan de moanne yn dy media-útstjoering om de tafelûnderwerpen muzikaal te bekommentariearjen.

Xander en Henny Vrienten (foto: BNNVARA)

Henny en Xander binne beide graach sjoene muzikanten en gasten yn De Wereld Draait Door. Henny waard by it grutte publyk bekend as bassist en sjonger fan Doe Maar. Dy band groeide út ta ien fan de súksesfolste yn de skiednis fan de Nederlânske popmuzyk. 27 septimber komt syn nijste soloalbum Tussen de Regels út. Mei syn albums En Toch… en Alles is Anders foarmet Tussen de Regels in trijelûk dat Henny syn ‘songen autobiografy’ neamt. Xander Vrienten studearre jazz oan it konservatoarium yn Amsterdam, mar hy besleat al gau as bassist oan ’e slach te gean. Xander spile ûnder oare mei Jett Rebel, Trijntje Oosterhuis, Valerius, My Baby, Shirma Rouse en The Souldiers.

Eardere húsbands fan De Wereld Draait Door wiene Roel van Velzen, MOKE, Lucky Fonz III, Rigby, Go Back to the Zoo, Chef’Special, The Kik, Tangarine, Typhoon, Lucas Hamming, Sue the Night, Roxeanne Hazes en it ôfrûne seizoen Racoon.

septimber 3, 2019 11:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.