Heimsinnige magnetyske pulzen ûntdutsen op Mars

septimber 27, 2019 09:23

As it nacht is op Mars, begjint it magnetyske fjild fan de planeet út en troch te pulsearjen. De oarsaak is noch ûnbekend. Dat is ien fan de opmerklike earste befinings fan de Marslâner InSight, dy’t sûnt novimber 2018 op de reade planeet rydt. De lâner hat gegevens sammele dêr’t wittenskippers mear mei te witten komme kinne oer de binnenkant en de evolúsje fan de reade planeet. De InSight hat bygelyks de temperatuer fan de koarst fan de planeet metten, lûden opnaam fan bûtenierdske bevingen en de krêft en rjochting fan it magnetysk fjild fan de planeet metten.

InSight (ôfbylding: NASA)

Neist de frjemde magnetyske pulzen blykt út de mjitgegevens fan de Marslâner ek dat de koarst fan de planeet folle magnetysker is as wittenskippers tochten. Boppedat hat de InSight oanwizings fûn dat der djip ûnder it Marsoerflak in fjouwer kilometer tsjokke laach sit dy’t elektrisiteit trochlaat. Der bestiet in kâns dat dy laach in reservoir fan floeiber wetter is. Dat soe betsjutte kinne dat der in mooglikheid is dat der ea libben wie of ûntstean sil.

De gegevens binne oant no ta noch net troch kollega’s fan de ûndersikers beoardiele en de ynterpretaasje fan de details fan de earste resultaten sil yn de rin fan de tiid noch bysteld wurde. Mar de ûntdekkings litte yn elts gefal it súkses sjen fan de robot InSight, dy’t ús noch in protte leare sil oer Mars en de skiednis derfan.

septimber 27, 2019 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.