Google ferpoft it om auteursrjochten te beteljen

septimber 25, 2019 20:43

Google, it Amerikaanske bedriuw efter de ynternetsneupside mei deselde namme, ferpoft it en draach auteursrjochten ôf. Oant no ta kinne minsken yn de sykresultaten en fia Google Nijs fragminten fan nijsberjochten besjen. Google betellet de útjouwers fan kranten, tydskriften en nijssiden dêr neat foar. Dat mei net mear. Kommende moanne wurdt de wet yn Frankryk al fan krêft, mar Google hat oankundige dat it net fan doel is om te beteljen.

Dútslân hie earder al in ferlykbere wet, mar dy wie neffens it Europeeske hof fan justysje yn striid mei it Europeeske rjocht. In Dútske kranteútjouwer krige dêrtroch gjin skeafergoeding fan Google.

Google is wol fan doel om nijsartikels oars sjen te litten. De fragminten wurde koarter en útjouwers kinne oan Google trochjaan oft se dermei akkoart geane dat der ek langere stikken fia de ynternetsneuper te besjen binne.

septimber 25, 2019 20:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.