Gjin stekmich, gjin malaria: bysûnder eksperimint yn Burkina Faso

septimber 10, 2019 08:44

It West-Afrikaanske lân Burkina Faso is it dekôr fan in radikaal eksperimint: wittenskippers ûntwikkelje der genetysk modifisearre stekmiggen dy’t de ein fan malaria ynliede moatte. Diederik Jekel gie foar it NTR-wittenskipsprogramma De Kennis van Nu nei Bana, in earm doarp dat oanwiisd is as earste plak op ’e wrâld dêr’t de gentechstekmiggen úset wurde.

Diederik Jekel (foto: NTR)

Malaria kostet alle jierren hûnderttûzenen minskelibbens, benammen fan jonge bern. Nei jierren fan ôfnimmende ynfeksjes, nimt dat tal sûnt 2017 wer ta. De wrâld liket de striid te ferliezen, mei’t de stekmiggen – en de parasiten dy’t se by har drage – resistint wurde tsjin de beskikbere middels as ympregnearre klamboes en medisinen. Sûnder nije metoaden wurdt it in poepetoer om de striid tsjin de deadlike sykte te winnen, witte se yn Burkina Faso.

En dus gripe wittenskippers nei de nijste technologyen. Hja passe malariamuskiten genetysk sa oan dat se inkeld noch mantsjes as neiteam krije. Mei’t dy ek wer inkeld mantsjes leverje, nimt it tal wyfkes hieltyd mear ôf. Wêrom’t dat doel hat? Om’t inkeld wyfkes stekke en de sykte oerdrage. Uteinlik binne der hielendal gjin wyfkes mear, en stjert de malariamich út. Alteast…, dat is it plan. Mar hoe wurket soks yn ’e praktyk?

Foto: NTR

Hidde Boersma, Karsten de Vreugd en Diederik Jekel giene foar De Kennis van Nu nei Burkina Faso en filmen hoe’t ynwenners fan Bana mei it eksperimint yn ’e kunde kamen, hoe’t de earste testmuskiten útset waarden en hokker ferwachtings de wittenskippers fan de technyk hawwe.

Dêr spilet noch in oar probleem by. Sa’n radikale technyk ropt nammentlik ek wjerstân op fan minsken dy’t dit soarte fan yngrepen yn de natuer gefaarlik fine. Guon westerske miljeu-organisaasjes hawwe har sels offisjeel tsjin it ûndersyk keard. Is dat terjochte of hawwe wy hjir te krijen mei westerske weromhâldendheid dy’t de wittenskiplike en medyske foarútgong yn ’e wei stiet?

Utstjoering: woansdei 11 septimber, 21.10 oere, NPO 2

septimber 10, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.