Gjin ferset natuerorganisaasjes tsjin boartersplak op Hege Gerzen

septimber 18, 2019 12:16

De Hege Gerzen (foto Ronald Abelskamp/It Fryske Gea)

Stichting Gaasterlân Natuerlân, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea kinne ynstimme mei de plannen om it Riister boarterspark fan Sybrandy nei de Hege Gerzen by Aldemardum fuort te setten. Mei garânsjes dat fersteuring fan it gebiet út ’e wei gien wurdt, ôfspraken oangeande mooglikheden fan natueredukaasje en mei it ferbetterjen fan de kwaliteit fan lânskip en natuer op dat plak, lykje de ûntwikkelingen op dat kwetsber plek ferantwurde te wêzen.

Sjerp Jaarsma, eksploitant fan de Hege Gerzen, hat fan ’t simmer in plan buorkundich makke om it boarterspak fan Sybrandy fuortbestean te litten en dat op te nimmen yn syn bedriuw op de Hege Gerzen. Natuer- en lânskipsorganisaasjes hawwe dêr kritysk nei sjoen. Fanwegen de kwetsberheid fan it gebiet by Aldemardum waard earder al in konvenant sletten dêr’t it ferantwurde brûken fan dat plak yn regele is.

De natuer- en lânskipsorganisaasje tinke sympatyk oer it behâld fan it karakteristike lytskalige boarterspark foar Gaasterlân. Oan it besteande konvenant wurde ôfspraken tafoege. It park moat sa ynrjochte wurde dat de Iselmarkust net ekstra hinder ûnderfynt, dat natueredukaasje yn it rekreatyf oanbod ynpast wurdt en dat de natuer- en lânskipskwaliteit fan it park fiks opwurdearre wurdt. Mei klam is garandearre dat it park net útwreide wurdt en dat iepeningstiden fan it besteande konvenant oanholden wurde. Mei dy ôfspraken kin Jaarsma fierder mei syn plan.

septimber 18, 2019 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.