Gemeente presintearret konsept-parkearfyzje Frjentsjer op 4 septimber

septimber 1, 2019 09:25

De gemeente Waadhoeke is dwaande mei in parkearfyzje foar de (binnen)stêd Frjentsjer. De sintrale fraach is hoe’t it parkearjen yn en om it sintrum de kommende jierren regele wurde moat. Der leit no in konsept-parkearfyzje. Woansdeitejûn 4 septimber presintearret de gemeente it stik op in ynformaasjejûn.

Ofbylding: Gemeente Waadhoeke

Resultaat fan ynspraaktrajekt
De konseptfyzje is basearre op ynbring fan de bewenners, ûndernimmers en de besikers fan it sintrum. Yn novimber 2018 organisearre de gemeente in ynrinbyienkomst. Yn jannewaris 2019 is der in enkête holden ûnder besikers fan it sintrum oer it parkearjen. De ôfrûne perioade is mei de Ondernemers Vereniging Franeker (OVF), de Vrienden van Franeker (VVF), omwenners fan it stasjon en oare belangstellenden wurke oan de parkearfyzje.

Ynformaasjebyienkomst
Krekt nei de simmerfakânsje organisearret de gemeente in gearkomste om de konsept-parkearfyzje te presintearjen. Elkenien dy’t dêr belangstelling foar hat wurdt dêr fan herte foar útnûge. De presintaasje is op woansdei 4 septimber fan 19.30 -21.30 oere yn De Doelen yn Frjentsjer.

Ferfolch
De reaksjes dy’t op de konsept-parkearfyzje ynkomme, foarôfgeand of op de ynformaasjegearkomste, wurde sammele en kritysk besjoen en kinne liede ta oanpassing fan de fyzje. Dêrnei nimt it kolleezje fan B&W in beslút oer de parkearfyzje. Dan wurdt de fyzje – mei de sammele reaksjes – foarlein oan de gemeenteried. It is de bedoeling dat de ried de parkearfyzje fan ’t hjerst fêststelt.

Lês de konsept-parkearfyzje fan Waadhoeke.

septimber 1, 2019 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.